Skip to main content Skip to page footer

Missy en doelstellingen

It Mercator Europeesk Kennissintrum is ûnderdiel fan de Fryske Akademy, wêr't fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer plak fynt. De Akademy is liearre oan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) en makket ek diel út fan 'e ynstitute- en ûndersyksorganisaasje fan 'e KNAW. It Mercator Europeesk Kennissintrum makket diel út fan it Europeeske Mercator Network.

 

Missy

De missy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum is it opdwaan en ynventarisearjen, it ûndersykjen en bestudearjen en it fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa, mar ymmigrantentalen en talen út lytse lannen binnen ek ûnderwerp fan ûndersyk.

It Mercator Europeesk Kennissintrum is fêstige yn de minderheidstalenprovinsje Fryslân. As ûndersyksynstituut makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mei oare wurden, it Mercator Europeesk Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!

 

Histoarje

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen begûn yn 1987 as Mercator Education, ien fan de trije ynstituten fan it Mercator Network. It oprjochtsjen fan it Mercator Network wie in inisjatyf fan de Europeeske Kommisje en it direkte resultaat fan twa moasjes fan it Europeeske Parlemint: de ‘moasje Kuijpers’ (moasje oer talen en kultueren fan regionale en etnyske minderheden yn de Europeeske Mienskip) en de 'moasje Arfé'.

Yn de twa desennia dêrnei binne de wurksemheden fan it Mercator Network bekostige út Europeesk projektjild, dêrby stipe troch partnerorganisaasjes op it mêd fan regionale en minderheidstalen, lykas de Fryske Akademy. Yn 2006 einige dat projektprogramma en feroare de opset fan Mercator nei de foarm dy't wy no kinne: it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. Mercator ûntfangt in jierlikse subsydzje fan de provinsje Fryslân om in diel fan de deilikse aktiviteiten te bekostigjen. In grut part fan it wurk wurdt finansiere mei tiidlike projektjilden.

 

Produkten en tsjinsten

Foar wa't ynteressearre is yn minderheidstalen en edukaasje, hat Mercator in ferskaat oan produkten en tsjinsten:

  • Us langrinnende searje Regional Dossiers jout ynformaasje oer de status fan minderheidstalenedukaasje yn in grut oantal meartalige regio's yn Europa en Ruslân.
  • De moanlikse Mercator Network Newsletter jout ynteressant nijs oer it Mercator Network, mar ek oer minderheidstalen en beliedsfoarming, taaledukaasje yn meartalige regio's en belangryke eveneminten.
  • Noch mear ynformaasje kinne jo fine yn in grut ferskaat oan rapporten en publikaasjes.
  • It Mercator Europeesk Kennissintrum is beskikber foar ûndersyk yn opdracht. Yn de lêste jierren hat Mercator bygelyks ûndersyk dien nei Accessibility for regional or minority languages to EU programmes (foar it NPLD), nei de rol fan it Frysk by gemeentlike weryndielingen en nei it rapportearjen oer it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (foar Dingtiid).
  • Foar spesifyke fragen oer meartaligens of minderheidstalenedukaasje kinne jo kontakt mei ús opnimme.