Skip to main content Skip to page footer

Taalsurvey

Kennisgebiet: Taal en meartaligens
Undersykstema: De meartalige mienskip
Rintiid: 2024-…
Koördinaasje Fryske Akademy/Mercator: Dr. Suzanne Dekker, Femke van Seijen MA
Partners: Planbureau Fryslân (NL)
Finansiering: Provinsje Fryslân
Mear ynformaasje: Projektwebsite

Projektomskriuwing

Dit projekt is in ferfolch op de Fryske taalsurveys dy’t út de Fryske Akademy wei opset binne (Pietersen, 1967; Gorter et al., 1984; Gorter en Jonkman, 1995; Klinkenberg et al., 2018). It hjoeddeistige projekt moat sjoen wurde as in pilotûndersyk en wurdt yn gearwurking mei Planbureau Fryslân útfierd. Yn dy pilot wurdt ûndersocht oft Panel Fryslân, it boargerpanel fan it Planbureau, ynset wurde kin om takomstige taalsurveys op in effisjinte wize út te fieren. It panel bestiet út in represintative stekproef fan rom 8.000 ynwenners fan Fryslân dy’t selektearre binne út alle gemeenten.

Binnen dit projekt leit de fokus op it sammeljen fan ynformaasje oer de taalfeardigens, taalattitudes en it taalgebrûk fan de ynwenners fan Fryslân. De oarspronklike fragen oer taalattitudes binne yn dit projekt ferfongen troch attitudefragen út resinte, ynternasjonale taalattitude-ûndersiken. Sa krije wy in mear folslein byld fan de taalhâlding fan de ynwenners fan Fryslân.

Yn de takomst is it doel om, neist taalsurveys, yn gearwurking mei Planbureau Fryslân en oare partners, in twa-jierlikse Taalmonitor op te setten. Dêrby wurde û.o. feroaringen op it mêd fan taalattitudes en -gedrach byholden. Oan de hân dêrfan wurde oanbefellingen dien om de fitaliteit fan de Fryske taal te befoarderjen.