Skip to main content Skip to page footer

Ien & Mien: Languages, Heritage and Identity in Fryslân

Undersykstema: Meartaligens, erfgoed en identiteit yn Fryslân
Tiidspaad: Desimber 2025 – desimber 2026
Partners: Mercator Europeesk Kennissintrum & NHL Stenden Hegeskoalle
Koördinaasje: Mercator Europeesk Kennissintrum
Mercatormeiwurkers: Suzanne Dekker, Ydwine Scarse, Jelske Dijkstra
Finansiering: Fryske Akademy

De projekttitel Ien & Mien is in Fryske útdrukking. “Eat ien en mien hawwe” betsjut eat mienskiplik besitte.
 

Projektomskriuwing

Dit projekt ûndersiket hoe’t meartaligens, histoarysk besef en it brûken fan de minderheidstaal Frysk de identiteitsfoarming beynfloedzje fan oankommende learkrêften yn it basisûnderwiis. Ien & Mien is tige relevant foar de learare-oplieding, omdat fan oansteande learkrêften ferwachte wurdt dat sy taalferskaat, erfgoed en identiteit yn harren klaslokalen behannelje, wylst sy harrensels ek yn dy dynamyk posisjonearje moatte.

Mei Ien & Mien wurde oansteande learkrêften frege harren eigen famyljeskiednis te ûndersykjen oan de hân fan in selskeazen egodokumint. Yn groepen analisearje sy ferskillen en oerienkomsten yn ’e taalpraktiken fan harren famyljes. Dy ûnderfiningen ferbine sy oan bredere sosjale en histoaryske ûntwikkelingen dy't fan ynfloed binne op it Frysk as minderheidstaal. Dêrneist reflektearje sy hoe’t it ûndersykjen fan harren eigen taalkundich erfgoed ynfloed hân hat, bygelyks op harren begryp foar minderheidstaalidentiteit; oft sy de taal mear of minder wurdeearje; of op harren profesjonele selsbyld as takomstige learkrêft. As lêste beprate sy hoe’t in objektbasearre (object-based) learmetoade en in mikroskiednis-oanpak oanpast wurde kinne foar it brûken mei basisskoallebern en om lesmateriaal te ûntwikkeljen dat oanslút by de kearndoelen fan it Frysk en skiednisûnderwiis.
 

Projektdoelen

  • te ûndersykjen hoe’t minderheidstalen en kultureel erfgoed bydrage oan sawol yndividuele as kollektive identiteiten;
  • te ûndersykjen hoe’t meartaligens en identiteitsfoarming yntegrearre wurde kinne yn ’e lespraktyk op in produktive wize, benammen yn it skiednisûnderwiis, op manieren dy’t it bewustwêzen en de wurdearring fan minderheidstalen befoarderje;
  • te fungearjen as in pilot-stúdzje.