Skip to main content Skip to page footer

Read with Multilingual Early Education

Read with MEE

Undersykstema: Multilingualism and Language Learning
Rintiid: December 2023 - December 2026
Koördinaasje: Mercator/ Fryske Akademy
Projektlieding Mercator: Martine Jansen, Jelske Dijkstra
Finansiering: Erasmus+ / KA220-SCH - Cooperation partnerships in school education
GearwurkingspartnersATiT (BE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D Games (NL), Trinity College Dublin (IE), University of the Basque Country (ES)
Mear ynformaasje: Projektwebsite

Projektomskriuwing

It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.

Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje, en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum.

Read with Multilingual Early Education wol de lêsûntwikkeling fan meartalige bern stypje troch:

  • it fergrutsjen fan kennis en it fersterkjen fan feardichheden oangeande ynklusive en meartalige taalûntwikkeling en taalferskaat by bern. Undersyk hat oantoand dat meartalige bern, yn tsjinstelling ta harren ientalige leeftydsgenoatsjes, faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe, wat liedt ta in prestaasjekleau tusken ientalige en meartalige bern. Om dy kleau te tichtsjen sil ús projekt him rjochtsje op de lêsûntwikkeling fan bern dy't hearre by nasjonale, regionale, migrante- en flechtlingeminderheden en sil it projekt omtinken jaan oan it folsleine taalrepertoire fan dy bern;
  • it befoarderjen fan ynteraktyf lêze yn in tal meartalige konteksten, lykas bernedeiferbliuwen, biblioteken en de thúsomjouwing. Binnen dy holistyske oanpak wurdt gebrûk makke fan de brede meartalige omjouwing dêr’t bern yn opgroeie en dat hat as doel dat bern in positive hâlding ûntwikkelje oangeande it taalferskaat en it brûken fan thústalen;
  • nau gear te wurkjen mei eksperts en professionals om derfoar te soargjen dat ús einprodukten basearre binne op de meast resinte befinings út ûndersyk nei meartaligens en taalûntwikkeling. Wy wolle ek derfoar soargje dat ús produkten oanslute by it konkrete ferlet fan de professionals dy 't mei jonge bern wurkje.

 

Produkten

Wy sette ús yn om pedagogysk meiwurkers, bibliotekarissen en famyljes te foarsjen fan ferskate praktyske helpmiddels om de ûnderwiiskânsen fan meartalige bern te fergrutsjen.

Dy produkten binne:

  • it praktyske hânboek Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development for All mei ynformaasje en best practices oangeande de lêsûntwikkeling, lykas kritearia om de kwaliteit fan ynklusive boeken foar bern te beoardieljen;
  • fideo’s mei útlis oer de wichtichste konsepten oangeande de ûntwikkeling fan meartalige taalfeardigens;
  • fideo's mei best practices út hiel Europa;
  • in online bibleteek mei ynklusive, meartalige boeken;
  • in community platfoarm;
  • in referatory dy’t ferwiist nei relevante projekten, artikels, boeken en eksperts.