Wiki on Minority Language Learning
De online Wiki on Minority Language Learning kompletearret de Regionale Dossiers fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, en jout ynformaasje oer de edukaasje fan minderheidstalen dy't in lyts plak of hielendal gjin plak hawwe yn it nasjonale ûnderwiissysteem. Tegearre, de Regionale Dossiers en de Wiki bestrike hast 80 lytse talen yn Europa en dêrbûten.
De skriuwers fan de Wiki kinne regionale eksperts wêze, meartaligens-studinten of minderheidstalensprekkers. It doel fan de Wiki is it dielen fan kennis oer it ûnderwizen fan minderheidstalen en om minderheidstalen online mear sichtber te meitsjen. Yn twa opienfolgjende akademyske jierren wie der in gearwurking mei de Universiteit fan Grins en wurken de studinten fan de bachelor Minorities and Multilingualism en de master Multilingualism oan in opdracht foar dit projekt.