Skip to main content Skip to page footer

Read with MEE game - readwithmee.eu/game

Ynteraktyf kompjûterspul Read with MEE stiet online!

Dizze wike wie de lansearring fan de ynteraktive lêsgame fan it Read with MEE projekt! De game is ûntwikkele troch 8D, ús lokale partner yn Ljouwert, yn gearwurking mei ynternasjonale partners en oare belutsenen. It spul, ornearre foar jonge bern (2-6 jier) en harren âlden, is fergees en yn tsien talen (ek Frysk!) te spyljen op de website fan it projekt.

Foarlêze

It trijejierrige Read with MEE projekt hâldt him dwaande mei it lêzen yn de hjoeddeistige kontekst fan de meartalige mienskip. Foarlêze is nammentlik in hiel moaie metoade om de iere taalûntwikkeling fan lytse bern te stypjen, en hjir lizze ek kânsen foar thústalen. 

Wat tige behelpsum is foar de taalbefoardering, is om tidens it lêzen oer it ferhaal te praten. Sa ûntwikkelje jo net allinnich de wurdskat en algemien taalbegryp, mar prikelje jo ek de fantasy en it redenaasjefermogen fan bern. Sa wurdt in boek in opstapke foar in breder petear. 

Us lêsgame ûnderskriuwt de ynteraktive oanpak fan it lêzen troch de bern karren te jaan yn it ferhaal: it wurdt sa in dield lêsmomint mei âlder / fersoarger en bern.

Webinar

It kompjûterspul waard online presintearre yn in webinar, laat troch Lorna Carson (Trinity College Dublin), Stephan Burghout (8D), Laura Nap (NHL Stenden Hogeschool) en Elizabet Arocena Egaña (EHU). Koördinator fan it projekt is it Mercator Europeesk Kennissintrum. De webinar gie fierder ek oer: 

- De klam dan it (foar)lêzen op in jonge leeftiid al grutte ympakt hawwe kin op de taalûntwikkeling.
- Wat ynteraktyf lêzen ynhâldt, en wêrom't it sa’n fruchtbere wize fan lêzen is.
- Watfoar digitale lêsmiddels der binne, en hoe’t dy de iere lêsfeardigens stypje kinne.
- It ûntwikkelproses fan de game, hoe't de personaazjes (Slak en Stikel) en it ferhaal ta stân kommen is.
- Hoe’t de game it ynteraktyf foarlêzen stipet en maklik tapasbar makket foar âlden.

Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje, en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy.

De game is fergees te spyljen yn tsien talen, ek yn it Frysk.

Nei de Read with MEE Game >>>