Weromsjen: "It wie oerweldigjend wat der op ús ôfkaam.”
Dit artikel stie earder yn ús ledeblêd Ut de Smidte (Simmer 2026)
Jelske Dijkstra, projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy't rom 20 jier projektmanager west hat en no pensionearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine. Dêr krigen se, op it SUNS Festival foar poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. de ALTRE EUROPE Award oerlange troch Federico Pirone, kultuerwethâlder fan de gemeente Udine, en Carlo Puppo, foarsitter fan it evenemint.
Yn de taspraak waarden trije redenen neamd wêrom't Mercator de ALTRE EUROPE priis fertsjinne. Dat wie “foar hast fjirtich jier oan ûndersyksaktiviteiten dy’t benammen wijd wiene oan de minderheidstalen fan ús kontinint, foar de kwantiteit en kwaliteit en beskikberens fan de stúdzjes nei taalkundige diversiteit en nei de situaasje fan minderheidstalen yn it ûnderwiis, én omdat Mercator mei al dizze aktiviteiten in referinsjepunt is foar alle Europeeske minderheidsmienskippen en sa in ympuls jout oan it befoarderjen fan taalrjochten yn Europa.”
Feestfreugde
Jelske Dijkstra is wiis mei de priis: “Ik fyn it enoarme opstekker foar Mercator.” Cor van der Meer sjocht de priis ek as erkenning foar Mercators wurk. “It lit sjen dat ús krewearjen foar de lytse talen yn Europa ek by oare minderheden wurdearre wurdt. We meie dêr as meiwurkers grutsk op wêze!” Werom yn Ljouwert wie de feestfreugde nammentlik noch net foarby. Dijkstra: “We hawwe fia de e-mail echt in soad felisitaasjes hân. En de Provinsje soarge ek foar in grutte ferrassing: de hiele Fryske Akademy waard traktearre op gebak! It wie oerweldigjend wat der op ús ôfkaam.”
Ferbining
Dijkstra is noch altyd ûnder yndruk fan de útrikking. “Wat ik sa bysûnder fûn, is dat it hiele festival yn it Friulysk presintearre waard. Gasten waarden oankundige yn it Friulysk, mar ek ynterviewd yn it Friulysk. Wa't net Friulysk koe, hie de fragen yn de eigen taal yn ’t foar tastjoerd krigen. Elts koe dus antwurdzje yn it Ingelsk, mar dy antwurden waarden wol fuortdaliks oerset nei it Friulysk.” Dijkstra en Van der Meer hiene lykwols net it gefoel dat se wat misten. “Troch gebaren fan minsken, en troch wurden dy't je bekend foarkomme, krigen we in hiel soad mei fan de essinsje en de boadskippen fan de oare gasten. Sa wa wie de taal dochs echt in ferbinende faktor.”
Dy ferbining mei it Friulysk taalgebiet ûntstie ek op in oar flak. “Wy kamen dêr yn ’e kunde mei in studint fan de Universiteit fan Udine. Dizze Mirko die ûndersyk nei teäter yn minderheidstalen en wie noch op syk nei in moai staazjeplak om syn masterskripsje te skriuwen. No, dat koene wy him wol biede. Fan febrewaris oant april hat Mirko hjir west en koe hy petearen fiere mei bygelyks Pier21 en Tryater.”
Fol goede moed sjocht Dijkstra nei de takomst. “Yn oktober sille wy ús Read with MEE-projekt ôfrûnje mei in grut sympoasium yn Ljouwert.” Ek wurket it Mercator-team oan it ûntwikkeljen en binnenheljen fan nije projekten. “Ik bin hartstikke grutsk op it team. It binne fantastyske kollega's en ik sjoch der nei út om mei-inoar moaie dingen del te setten.”