Skip to main content Skip to page footer

Skripsjepriis 2024-2026. Foto: Marieke Balk

Stjoer dyn MA-skripsje yn foar de Fryske Akademy Skripsjepriis en win €1000,-!

De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro.

De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen.

Oprop 2024-2026

Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2026 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:

- It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen.
- De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2024 en foar 1 juny 2026.
- Allinnich WU-Masterskripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.

Dyn skripsje ynstjoere?

Skripsjes dy't oan ús betingsten foldogge, kinne oant 1 juny 2026 ynstjoerd wurde. Wy ûntfange graach in digitaal eksimplaar (pdf-dokumint). It digitaal eksimplaar kinst fia e-mail nei de kommisje stjoere.

In wittenskiplike sjuery, gearstald út Akademyfermidden, sil de skripsjes beoardielje. Oer de útslach wurdt net korrespondearre.

Utrikking Skripsjepriis

De Skripsjepriis foar de akademyske jierren 2024-2026 sil útrikt wurde op de Akademydei, op freedtemiddei 11 septimber 2026 yn Ljouwert.