Skip to main content Skip to page footer

The German language in education in Romania (1st Edition)

Nij Regionaal Dossier 'German language in education in Romania'

Wisten jo dat it Dútsk in offisjele ûnderwiistaal is op ferskate iepenbiere skoallen yn Roemenië? Op 129 beukerskoallen en 84 skoallen wurdt dêr Dútsk sprutsen troch de ûnderwizers. Dochs stiet it ûnderwiis yn it Dútsk ûnder druk yn Roemenië, troch delgeande oantallen leararen en learlingen.

Yn de rige 'Regional Dossiers' fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ferskynt no de earste edysje fan 'The German language in education in Romania'. Dit dossier is, krekt as alle oare dossiers, fergees del te laden.

De earste edysje fan ‘The German language in education in Romania’ is gearstald troch Liana Regina Iunesch en Robert Pfützner. Liana Regina Iunesch, PhD, en Robert Pfützner, PhD, binne beide as universitêr dosint ferbûn oan de Department for Teacher Training (Departamentul pentru Pregătirea Personalului Didactic) fan de Lucian Blaga University of Sibiu, en ek binne hja ûndersikers by it Research Center of Cultural Heritage and Socio-Cultural History – Research Unit Intercultural Dialog fan de Lucian Blaga University.
 

Regionale Dossiers

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.

Sjoch foar mear ynformaasje op de Regionale Dossiers website.