Jelske Dijkstra projektlieder Mercator
Syn funksje as projektlieder fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen brocht Cor van der Meer de hiele wrâld oer. Tweintich jier lang sette hy him yn foar regionale en minderheidstalen en brûkte dêrby graach de Fryske sitewaasje as in laboratoarium fan meartaligens. No giet hy mei pensjoen.
Mei it folste fertrouwen draacht Cor van der Meer syn taken oer oan dr. Jelske Dijkstra (foto), dy't al jierrenlang as ûndersiker ferbûn is oan sawol it Mercator Europeesl Kennissintrum as de Fryske Akademy. Dijkstra hat har PhD behelle op it mêd fan linguistyk, en is spesjalisearre yn spraaktechnology en in de taalûntwikkeling fan meartalige bern.
Dijkstra: "Ik sjoch dernei út om mei it Mercatorteam bysûnder en nijsgjirrich ûndersyk te dwaan en om, yn oparbeidzjen mei oare kennisynstituten, ynspirearjende produkten te ûntwikkeljen faor bygelyks it ûnderwiisfjild."