Skip to main content

Mercators projektlieder Cor van der Meer mei pensjoen

Syn funksje as projektlieder fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen brocht Cor van der Meer de hiele wrâld oer. Tweintich jier lang sette hy him yn foar regionale en minderheidstalen en brûkte dêrby graach de Fryske sitewaasje as in laboratoarium fan meartaligens. Hy die syn bêst om Europa nei Fryslân te bringen en Fryslân nei Europa. No is ek foar him de tiid oanbrutsen om ôfskie te nimmen fan syn wurksume libben. “It is wennen, giest mar ien kear mei pensjoen.” 

Cor van der Meer

“It wurk dat ik hjir dien haw, wie my op it liif skreaun", fertelt Cor van der Meer yn syn kantoar yn it Coulonhûs. “Ik haw nei Sibearië ta west, Australië mar ek nei Súd-Amearika. Dan komst wol ta it ynsjoch dat it Frysk net allinnich stiet. Oeral binne soartgelikense sitewaasjes en mei-inoar kinst sykje nei antwurden”. Moaie oantinkens bewarret hy oan de reizen mei de OVSE (Organisaasje foar Feilichheid en Gearwurking yn Europa). “Dat fûn ik prachtich. Mei delegaasjes nei Kirgizië, Kazachstan, Moldavië, Montenegro, Kosovo, Oekraïne. Allegear hurden fan mooglike problemen, omdat de minderheden dêr net genôch romte krije. Mei de OVSE besochten wy dan mei stille demokrasy it respekt tusken de groepen te fergrutsjen”. 

 

Kânsen 

Twa desennia lyn makke Van der Meer de oerstap fan it NIWI, it Nederlânsk ynstitút foar wittenskiplike ynformaasjetsjinsten yn Amsterdam, nei de Fryske Akademy. Earst  detasjearre, letter yn fêste tsjinst. “En ik bin nea mear fuortgongen", fertelt de projektlieder.

“Doe't ik hjir kaam, hiene we in lyts team mei dieltiidmeiwurkers. We krigen ek mar in bytsje subsydzje út Europa. It like der sels op dat de subsydzje foar Mercator fuortfalle soe, mar ik seach kânsen foar it fuortbestean. Kollega Durk Gorter, dy't doe myn eigentlike baas wie en no professor by de universiteit fan Baskenlân, hat my ynspirearre om troch te setten. Yn 2005 en 2006 haw ik in soad finansjele potsjes socht en presintaasjes holden om Mercator oerein te hâlden. En ik bin der grutsk op dat dat slagge is. Dêrnei koene we ek groeie.” 

As projektlieder fan it kennissintrum wie Van der Meer altyd op syk nei eksterne finansiering. “Ik haw de sifers graach op oarder. De ferbining lizze tusken finânsjes en de projekten, dat fyn ik geweldich wurk om te dwaan.” Dochs wie hy altyd mear de manager as ynhâldlik saakkundige, sa seit er sels. “Doe't ik hjir kaam, wie it wol bedoeling dat ik noch genôch tiid hawwe soe om te promovearjen. Durk Gorter soe dan myn promotor wêze. Mar it wie te drok. De finansiering fan Mercator moast feilichsteld wurde en al myn tiid gie yn it management sitten. Durk fertrok nei Baskenlân yn 2007 en dêrnei is it der gewoan net mear fan kommen.” 

Cor van der Meer en Itesh Sachdev

Teamwurk

Van der Meer is der wiis mei, dat yn it hjoeddeistige Mercatorteam de promovearre kollega's de begjinnende ûndersikers begeliede by it skriuwen van blogs en artikelen foar wittenskiplike tydkskriften en websites. “De lêste nije meiwurkers binne goed ûnderlein yn de matearje. De wittenskiplike ynhâld is yn de rin fan de jierren echt belangriker wurden.” Yn dit ramt neamt er ek de wichtige gearwurking mei de provinsje en de rol dy't Mercator pakt as yntermediêr en ferbiner fan ûndersyk en deistige praktyk. “Dat der in fraach yn de maatskippij is, dat we in jonge ûndersiker de kâns jaan kinne om it projekt út te fieren en dat dy dan ek noch publisearret of promovearret. Geweldich, dat fyn ik echt in prachtich proses.”

 

De takomst foar Mercator sjocht Van der Meer posityf. Mercator hat in goede namme yn Europeeske kringen en makket diel út fan netwurken as NPLD, FUEN en ELEN. “Us ûndersiken binne value for money", leit Van der Meer út. “Wy binne in betroubere projektpartner en wurde faak frege troch oare partijen om mei te dwaan yn Europeeske projektoanfragen.” Hy beklammet dat it net syn fertsjinste is, mar dat fan it komplete team fan Mercator. “Oeral dêr't ik kom lêze de minsken ús moanlikse Mercator Network Newsletter en úntliene de ûndersikers status oan harren meiwurking oan ús Regionale Dossiers.”  

 

Doel 

Dochs wie it wol hurd wurkjen om ek yn Nederlân serieus nommen te wurden. “Binnen de akademyske wrâld waard Mercator faak besjoen as ‘sa mar in projektsje'. Der waard tocht dat wy allinnich mar jild kosten, mar wy brochten júst in hiel soad jild binnen.” Dat waard pas echt goed sichtber doe't yn 2014 it Erasmus+ programma fan de Europeeske Uny úteinsette. “Sûnt dy tiid hawwe wy in hiel soad grutte projekten én projektjild binnenhelle. Us doel foar de kommende jierren is ek om alle jierren op syn minst ien oanfraach foar in Erasmusprojekt te dwaan.” 

Mar no't ek by Van der Meer de teller hast op 67 stiet, sil hy by it skriuwen fan de nije oanfragen net mear de karre lûke. “Ik mei noch oant de maitiid in pear oerkes yn de wike advisearje en saken ôfhannelje en oerdrage.” 23 desimber is syn earste AOW-dei. “It is wennen. Giest mar ien kear mei pensjoen. Ik ha al trije boekideeën tastjoerd krigen en ik bin ek al frege foar ferskate netwurken. Mar ik haw wol mei mysels ôfpraat om it de earste moannen rêstich oan te dwaan.” 

 

Jong 

Misse sil er Mercator wol. "Ik ha oeral yn Europa kunde makke. Guon binne freonen wurden dy't by my thús west hawwe. Ik sil it allegear wol misse, de spanning, it wurkjen mei it team.” Van der Meer priizget de sfear ûnder de meiwurkers. "It groepsgefoel fûn ik belangryk. We hawwe in jong team en ik haw it gefoel dat ik sels jong bleaun bin troch it wurkjen mei jonge ûndersikers.” Van der Meer nimt ôfskie fan de Fryske Akademy as in tefreden man. “Ik ha nea in momint spyt hân. It hat sa wêze moatten.”