Skip to main content Skip to page footer

Key representatives from the Read With MEE partners from Fryske Akademy/Mercator European Research Centre (NL), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D Games (NL), ATiT (BE), Trinity College Dublin (IE), and the University of the Basque Country (ES).

Input frege foar ynteraktive game foar jonge meartalige bern

Us Read With MEE projektteam is op syk nei minsken dy't meiprate wolle oer in nij te ûntwikkeljen spultsje. Hjir de oprop:

Hast altyd al meibouwe wollen oan in game? En hast ûnderfining mei foarlêzen en de taalfeardigensûntwikkeling fan jonge (meartalige) bern (2-6 jier)? 

Kom dan op 10 maart fan 15.00-17.00 oere nei de Read With MEE gearkomste op NHL Stenden yn Ljouwert. Under begelieding fan 8D Games ûntwikkelje wy mei jim ynput in ynteraktive en learsume game dy't bydraacht oan de taalfeardigensûntwikkeling fan jonge (meartalige) bern. Hoechst dy fierder net ta te rieden: dyn ûnderfining en ekspertize is mear as genôch! 

Liket dit dy leuk? Meld dy dan hjir oan!

Datum en plak: 10 maart yn lokaal A 0113 yn it NHL Stenden Hegeskoalle gebou (Rengerslaan 10, Ljouwert).

 
Oer Read With MEE

It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.

Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje, en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum.