Skip to main content Skip to page footer

Gytha Postma nij lid fan de Ried fan Tafersjoch

Gytha Postma is as lid tatreden ta de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy (dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sûnt 1987 diel fan útmakket). Mei har beneaming is de Ried fan Tafersjoch wer op folle sterkte.

De Ried fan Tafersjoch sjocht ta op it troch de direkteur-bestjoerder fierde belied en behear. Op dit stuit bestiet de Ried fan Tafersjoch út Wim Kleinhuis (foarsitter), prof. dr. Keimpe Algra, prof. dr. Jan Don, drs. Rixt N. Heegsma, en Gytha Postma MBA.

Oer Gytha Postma

Postma is in bestjoerder en direkteur mei romme ûnderfining yn organisaasjelieding, ûnderwiis, soarch en tafersjoch. Sy hat yn har karriêre ferskate liedingjaande en tafersjochhâldende funksjes ferfolle binnen sawol de soarchsektor as it ûnderwiis. Yn har deistich libben is hja Direkteur Frisius Academy by Frisius MC. Postma hat in bedriuwskundige en ûnderwiisrjochte akademyske eftergrûn, folge oan Nyenrode, TSM Business school en NHL Hegeskoalle.
 

Hjoeddeistige funksjes

  • Direkteur Frisius Academie by Frisius MC (sûnt 2025).
  • Eigener fan GAP Interimmanagement (sûnt maart 2023).
  • Lid fan de Rie fan Tafersjoch fan Adenium (ek vice-foarsitter en foarsitter remuneraasjekommisje sûnt 2021).
  • Lid fan de Rie fan Tafersjoch fan Connexa (ek foarsitter auditkommisje sûnt 2025).
     

Eardere funksjes

Postma beklaaide liedingjaande posysjes by ûnder oare:

  • Medisch Centrum Leeuwarden
  • Jeugdhulp Friesland

Dêrneist hat sy bestjoerlike ûnderfining as lid fan:

  • de Rie fan Tafersjoch fan Friesland College
  • de Rie fan Tafersjoch fan Firda

De Fryske Akademy is tige bliid dat Postma de Ried fan Tafersjoch fersterkje wol en dat we fan har saakkundigens gebrûk meitsje meie. Wy winskje har in soad wille en sukses yn har nije rol.