Fryske delegaasje nei Faeröer-eilannen
Mei in grutte Fryske delegaasje reizgje direkteur-bestjoerder prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en programmakoördinator dr. Simon Halink fan de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens hjoed nei de Faeröer-eilannen. Yn dy delegaasje binne ferskate Fryske sektoaren fertsjintwurdige dy’t harren dwaande hâlde mei taalbelied, kultuer en ûndersyk. Dat betsjut dat der njonken politike fertsjintwurdigers op sawol gemeentlik as provinsjaal nivo (ûnder wa de Kommissaris fan de Kening Arno Brok, deputearre Eke Folkerts en sân wethâlders) ek meiwurkers fan de Fryske Akademy, Museum Belvédère, de Afûk, it Steatekomitee Frysk, Galerie Roos van Tudor en de Stichting Film yn Fryslân meidogge oan de wurkbesite.
Fan 'e 18 eilannen dêr't de Faeröer út besteane sille ús kollega's (nei it lânjen op it eilân Vágar) allinnich it eilân Streymoy oandwaan: it grutste en meast tichtbefolke fan 'e eilannen, dêr't de haadstêd Tórshavn him op befynt. Dêr binne ek alle ynstellings en ynstituten dy't besocht wurde. In besite oan it súdlike Suckeuroy, dêr't him neffens de mûnlinge oerlevering yn in fier ferline Friezen fêstige hawwe soene, past spitigernôch net yn it strakke programma fan dy wurkbesite.
Wa sille jim dêr moetsje?
Simon Halink: "Yn Tórshavn steane in besite oan de Faeröerske minister fan sosjale saken en kultuer (Sirið Stenberg), it Faeröerske Parlemint (Løgting, en yn it bysûnder it Kultuerkomitee dêrfan, dêr't de tema's taalfoarljochting en -ûnderwiis mei besprutsen wurde sille), de minister fan ûnderwiis (Djóni Nolsøe Joensen), de boargemaster fan Tórshavn, it Faeröerske Film Institute, ferskate organisatoaren fan kulturele eveneminten en it ûnderwiisynstitút Glasir op it programma. Foar de Fryske Akademy binne benammen de besite oan de Universiteit fan de Faeröer (Fróðskaparsetur Føroya) en oan it Faeröerske Research Council (Granskingarráðið) fan grut belang."
Hoe kaam it kontakt ta stân?
Halink: "It inisjatyf foar dizze wurkbesite is naam troch de Kommissaris fan de Kening, dy't faker op de eilannen west hat en bysûnder ynteressearre is yn it taal- en kultuerbelied fan dizze autonome eilannegroep, dy't diel útmakket fan it Deenske keninkryk. It Faeröersk is mei sa'n 60.000 sprekkers, dy't allegear twatalich binne, in hiel lytse taal. Mar it is ek in tige fitale taal, dy’t yn alle berikken fan de maatskippij florearret. Ut eardere besites fan de Kommissaris fan de Kening binne gearwurkingen tusken Faeröerske útjouwerijen en de Afûk op it mêd fan it útjaan fan berneboeken en tusken Faeröerske en Fryske metalbands ta stân kommen. Mei dizze wurkbesite wolle wy de bannen fierder oanhelje en de gearwurking, benammen op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk, fierder útwreidzje."
Wat kinne wy leare fan de minsken dêr, en wat bringe jim oan kennis mei nei de eilannen?
Halink: "Wêr't wy benammen benijd nei binne, binne de reitsflakken tusken ús eigen ûndersyksgebieten en dy dêr't Faeröerske wittenskippers har mei dwaande hâlde. Wy binne benammen ynteressearre yn it útwikseljen fan ideeën oer hoe’t in relatyf lytse mar fitale taalmienskip suksesfol akademysk, takomstbestindich ûndersyk oangeande de eigen taal, kultuer en skiednis stimulearje en kultivearje kin. Wat binne de spesifike problemen en útdagingen wêrmei't lytsere taalmienskippen yn dat opsicht konfrontearre wurde? En hoe kinne we leare fan elkoars 'best practices'? Yn petearen mei eksperts op it mêd fan twataligens, sosjolinguistyk, erfgoed, taalpolityk, environmental humanities, leksikografy en de kultuerskiednis fan lytsere (taal)mienskippen hoopje wy op in fruchtbere krúsbestowing tusken de Fryske en de Faeröerske kasus."
Wat bart der nei dizze besite?
Halink: "It is no fansels noch te betiid om te spekulearjen oer de mooglike útkomsten en opbringsten fan dizze wurkbesite. Wy sette yn op in 'iepen' ferkenning fan mienskiplike ynteresses en mooglikheden foar gearwurking en (ferlykjend) ûndersyk, en mei it each op de list oan nijsgjirrige petearpartners op de Faeröer bin ik tige optimistysk oer de kânsen!"