Fryske Akademy siket in Koördinator Bedriuwsfiering
‘Do garandearrest de finansjele stabiliteit en tinkst strategysk mei oer de takomst’
Yn it histoaryske hert fan Ljouwert is de Fryske Akademy fêstige. In wittenskiplik ynstitút dat him rjochtet op ûndersyk nei de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. Binnen de organisaasje is op it stuit romte foar in Koördinator Bedriuwsfiering. Direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm giet djipper yn op dizze rol mei ympakt.
De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit op de Fryske taal, de meartalige maatskippij, minderheidstalen en - kultueren, de regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren. Om takomstbestindich te bliuwen siket de Fryske Akademy in koördinator bedriuwsfiering dy't it finansjele en organisatoaryske fûnemint fierder fersterket. As direkteur-bestjoerder hat Nelleke IJssennagger-van der Pluijm de deistige lieding oer it ynstitút. Wat har funksje spesjaal makket is de akademyske ynslach. "Neist direkteur en bestjoerder haw ik ek in ûndersykstaak, wat bêst in bysûndere kombinaasje is”, seit Nelleke. Se is yntusken fjouwer jier mei in soad nocht yn tsjinst by de Fryske Akademy.
Skeakelje tusken strategy en operaasje
As koördinator bedriuwsfiering binne je ferantwurdlik foar in effisjinte planning- en kontrôlesyklus. Do stelst de mearjierrebegrutting en rapportaazjes op, oerleit mei eksterne partners, skeakelet yntern mei ynhâldlike kollega's en optimalisearret bedriuwsprosessen. Dêrneist stjoerst funksjoneel de stypjende kollega’s Finânsjes, HR, Sekretariaat, Ynformaasjebehear en Fasilitêr oan. Nelleke oer de swiertepunten fan de funksje: “De kearn is de finansjele kant. Ut in goed funksjonearjende P&C-syklus wei kinst dêrnei meitinke en strategysk advisearje oer de hiele bedriuwsfiering. En dy stiet yn tsjinst fan ús kearntaak: wittenskip mei ympakt. Skeakelest hieltyd tusken ferskillende perspektiven en dissiplines, fan wat in yndividuele wittenskipper helpe kin oant it opstellen fan de mearjierrebegrutting of in Europeeske rapportaazje. Dat freget om fyzje", seit Nelleke. "It gruttere plaatsje bewekje is krúsjaal, ek om’t it wurkgebiet breed is. In langetermynfyzje is fan belang. Wêr steane we, wat komt der op ús ôf en hoe spylje we dêrop yn? Dat fertaalt men nei konkrete aksjes en karren. Wat dat oanbelanget soargest foar de finansjele boarging fan de organisaasje.”
‘Do skeakelest hieltyd tusken ferskillende perspektiven en dissiplines’
Funksjoneel oanstjoeren
Lykas earder neamd stjoert de koördinator bedriuwsfiering funksjoneel in seistal kollega’s oan. “Dit binne allegearre selsstannige kollega’s dy’t faak as yndividu ferantwurdlik binne foar in beskaat ûnderdiel, lykas HR, Finânsjes of Ynformaasjebehear. As oansprekpunt op de wurkflier joust rjochting oan de wurksumheden as nedich en stelst mei kollega's prioriteiten fêst, bygelyks by pykbelesting, wat kinne wy sels oppakke of wat wy útbesteegje kinne. Nettsjinsteande dat der in soad autonomy is, is gearwurking en it lizzen fan horizontale ferbannen essinsjeel,” sa seit Nelleke.
Strategyske rol yn it MT
Mei Nelleke as direkteur-bestjoerder en de koördinator ûndersyksfinansiering en strategyske gearwurking foarmest it trijekoppige MT. Nelleke is dêr foarsitter fan en dejinge dy't besluten nimt. Sy giet djipper yn op in pear organisatoaryske fraachstikken dêr't de koördinator bedriuwsfiering mei oan 'e slach giet. “Op termyn wolle wy in nij finansjeel pakket ymplemintearje. De nije kollega kin dit ferkenne. Wy hawwe mei ferskate jildstreamen, subsydzjes en projektfinansieringen te krijen. It pakket moat dêrop oanslute. Dêrneist helpst de organisaasje syn sichtberens en maatskiplike impact te fergrutsjen, mei transparante finansjele rapportaazjes as spearpunt dêr’t wy yntern en ekstern minsken yn meinimme yn wêr’t wy steane en hokker karren wy meitsje.” Ek hast in rol yn rinnende ûntwikkelings lykas it optimalisearjen fan de planning- en kontrôlesyklus, petearen mei Provinsje Fryslân oer subsydzjes en de ûntwikkeling fan in HR-strategy, mear om de goede kollega’s oan te lûken.
' Sitst earne mei of hast ien nedich? Kom del en wy helpe elkoar’
De Fryske Akademy as wurkjouwer
De Fryske Akademy bestiet yntusken 86 jier. Yn in prachtich pân fol histoarje en mei in fraaie binnentún wurkje yn it sintrum fan Ljouwert 35 fêste meiwurkers – oanfolle mei promovendy, eksterne ynhier en spesjalisten – direkt en yndirekt oan wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, kultuer, maatskippij en skiednis. De kearnwearden binnen de Fryske Akademy binne pro-aktyf, betrouber, fleksibel, iepen en ympaktfol. Dy wearden komme op natuerlike wize ta utering yn 'e wittenskiplike produkten en yn 'e wurkkultuer. “De wurksfear is iepen en ynformeel”, giet Nelleke fierder, “mei koarte linen en in kultuer dêr’t selsstannichheid en meibewege kinne yn foarop steane. Wy hawwe de omslach makke fan in hierargyske nei in plattere, horizontale wurkkultuer. Dat wurket noflik. Sitst earne mei of hast ien nedich? Kom del en wy helpe elkoar. Wy binne hiel kollegiaal en belutsen, mei dreaune minsken dy it wurk út harren eigen passy en ynteresse wei dogge. En der wurdt goed foar de ynwindige minske soarge, want we krije geregeld wat lekkers by de kofje.”
Sparringpartner
De Fryske Akademy wol har bedriuwsfiering fierder profesjonalisearje en siket ien dy't dêr pro-aktyf yn meitinkt. Hoe kinne prosessen effisjinter ynrjochte wurde? Hoe boargje wy finansjele stabiliteit? En hoe fuortsterkje wy ús posysje binnen it (ynter)nasjonale wittenskiplike lânskip? Dat freget om in ferbinende kollega dy't op operasjoneel flak de hannen út de mouwen stekt, mar ek op strategysk mêd doelstellingen kreëarret en op dat nivo sawol yn- as ekstern sparringpartner is. "Nau kontakt mei ús eksterne relaasjes en finansiers is essinsjeel. It helpt ús ast meitinkst en mei ideeën komst, mar ék ast saken útlisber makkest en oaren entûsjasmearjen kinst. Wat dat oanbelanget kinst alles op tafel lizze en besprekber meitsje. ”
‘Het bêste fan twa wrâlden komme byinoar, dêr’tsto in moaie bydrage oan leverest’
Bêste fan twa wrâlden
Praatst en/of skriuwst gjin Frysk? Gjin probleem. Neffens Nelleke is it benammen wichtich datst iepenstiest om de taal te learen en begripen. “Frysk is ús fiertaal, mar wy hawwe mei de Fryske, Nederlânske en Ingelske taal in trijetalenbelied. Sa kin elkenien meikomme. Ik bin ek gjin Friezinne, mar yntusken praat ik de taal goed. Dêrfoar is de stipe út de organisaasje wei optimaal.” Fan de slotfraach wêrom’t sollisitearjen tûk is, wurdt Nelleke entûsjast. "It is in bysûndere organisaasje. Wy binne djip woartele yn Fryslân en yn it Fryske, mar meitsje op wittenskiplik mêd ek ynternasjonaal ympakt. It bêste fan twa wrâlden komt byinoar, dêr'tst je as koördinator bedriuwsfiering in moaie bydrage oan leverest.”
Wolsto bouwe oan in sterke en takomstbestindige organisaasje? As Koördinator Bedriuwsfiering krijst yn in dynamyske, akademyske omjouwing folop romte om ferbetteringen troch te fieren en ympakt te meitsjen. Wolsto dé skeakel tusken strategy en operaasje wêze binnen in ambisjeus ûndersyksynstitút?
Sollisitearje dan by de Fryske Akademy! Lês hjir de Fryske fakatuere of de Nederlandse vacature.
Sollisitaasjeproseduere
De werving en seleksje foar dizze fakatuere wurdt eksklusyf fersoarge troch Finanxe Ljouwert. Wy freegje ynteressearre kandidaten dan ek om streekrjocht fia Finanxe te sollisitearjen. Foar mear ynformaasje oer de funksje of sollisitaasjeproseduere kinst kontakt opnimme mei Bouwina Hoekstra, Business Consultant by Finanxe, fia e-mail of telefoanysk fia 06538655221.