Fakatuere: wy sykje in Meiwurker Finânsjes & Kontrôle (Finance & Control Officer)
Op ús prachtige lokaasje yn it âlde sintrum fan Ljouwert sykje wy in bedreaune en finansjeel profesjonal dy't breed oriïntearre is, hâldt fan ferantwurdlikheid, ôfwikseling én gearwurkje yn in ynspirearjende omjouwing.
As betûft Meiwurker Finânsjes & Kontrôle (Finance & Control Officer) bisto de stabile faktor efter ús organisaasje. Do soargest dat finansjeel alles op oarder en oersichtlik is en yn ûntwikkeling bliuwt. Mei tank oan dy kinne ûndersikers harren rjochtsje op wêr't sy goed yn binne: wittenskiplik ûndersyk dwaan. Do hast dêryn in liedende rol yn de projektadministraasje.
Wat foar dy?
Hasto in finansjele oplieding (mbû+/hbû) foltôge, hast minimaal 5 jier ûnderfining yn in finansjeel-administrative funksje, bist analytysk sterk, wurkest sekuer en fielst dy thús yn in dynamyske omjouwing? Lês dan de fakatuere hjir yn it Frysk en hjir yn it Nederlands.
Reagearje kin oant 9 augustus.