Skip to main content Skip to page footer

Eveneminten

Read with MEE Webinar - Presintaasje fan nije materialen (online)

Op 18 novimber organisearret it team fan Read with MEE in fergese online gearkomste om sjen te litten wat de ûndersikers de ôfrûne tiid ûntwikkele hawwe: in rige fideo’s mei foarbylden út hiel Europa, en fideo-ynterviews mei saakkundigen út it fjild dy’t wichtige begripen op it mêd fan meartalige taalûntwikkeling taljochtsje; mar ek in online biblioteek mei ynklusive meartalige boeken en nuttige links nei relevante projekten, publikaasjes en saakkundigen.

Oer Read with MEE

Read with MEE hat as doel om belangrike lêsfeardigens en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen foar jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld). De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern. Read with MEE sil de ynklúzje fan har taalfeardigens befoarderje op foarskoalsk ûnderwiis en thús.

It projekt is rjochte op it ferbetterjen fan de ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens en hat as doel om:

a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens;
b) it stypjen fan ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús;
c) in positive hâlding te ûntwikkeljen foar taalferskaat en thústalen.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen koördinearret dit Erasmus+ projekt. Partners yn it projekt binne: ATiT (België), NHL Stenden University of Applied Sciences en 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân), en de University of the Basque Country (Spanje). It projekt wurdt finansiere troch de Europeeske Uny.

Programma (yn it Ingelsk)

During this 45-minute session, we will introduce four freely available resources designed to support early reading, particularly for young children growing up in multilingual environments:

•             Handbook-INC: Multiliteracy Development – research insights, recent developments and good practices in multilingual literacy and linguistic diversity.

•             Expert interviews and good practice videos – inspiring examples from across Europe, alongside expert explanations of key concepts and approaches.

•             Online library and resource directory – a collection of inclusive multilingual books, educational projects, publications and other useful resources.

•             Interactive multilingual game – an app-based storytelling experience that adults and children can explore and enjoy together.

Presenters from Mercator European Research Centre – Fryske Akademy, ATiT, Trinity College Dublin, NHL Stenden, the University of the Basque Country and 8D will introduce these resources, demonstrate their practical applications and explain how you can use them in your own setting.

18 novimber 2026 | 16:15–17:00 CET | Online
Dielname is fergees, oanmelde needsaaklik. Meld dy hjir oan.