Eveneminten
Jelske Dijkstra, PLURILINGMEDIA AI-kommisje, Valletta (MT) (besletten)
PLURILINGMEDIA
PLURILINGMEDIA befoarderet ûndersyk nei media yn regionale en minderheidstalen. It netwurk hat fjouwer wurkgroepen, elk mei in oare fokus. Wurkgroep 1 hâldt him dwaande mei 'Gewoanten fan publyk en programmamakkers', wurkgroep 2 hat as tema 'Wetjouwing en konvinsjes', de tredde wurkgroep wurket oan 'Taalfitaliteit', en de fjirde hat 'Sjoernalistyk' as ûnderwerp. Ut namme fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, binne Jelske Dijkstra en Ydwine Scarse belutsen by de PLURILINGMEDIA-wurkgroepen 2 en 3.
De ad-hoc AI-kommisje fan PLURILINGMEDIA sil de kommende tiid de rol fan AI yn elk fan de oandachtsgebieten fan de wurkgroepen ûndersykje en oanbefellingen formulearje.
Mear oer PLURILINGMEDIA >>>