Eveneminten
Jelske Dijkstra by NPLD Steering Group & Coppieters Campus, Palma de Mallorca (ES)
Oer NPLD
It Mercator Europeesk Kennissintrum is al in skoft assosjearre lid fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). De fertsjintwurdiger fan Mercator is lid fan de stjoergroep fan it NPLD. It NPLD is in Europeesk netwurk dat him dwaande hâldt mei taalbelied en - planning foar grûnwetlike, regionale en talen fan lytse steaten yn hiel Europa. By de leden fan it NPLD hearre sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en ferienings.
Yn 2023 trede Mercator ta oant it NPLD University Network (UniNet), in netwurk fan universiteiten en ûndersyksynstellings dy’t aktyf binne op it mêd fan nasjonale minderheden, meartaligens, minderheidstalen, taalrjochten, taalbelied en taalûnderwiis.
Oer Coppieters
De Coppieters Foundation is in tinktank dy't him rjochtet op Europeeske en mondiale oangelegenheden. De stifting ûntwikkelet nije ideeën en generearret kennis oer it behear fan kulturele en taalkundige diversiteit, kollektive en minderheidsrjochten, mearlegich bestjoer, desintralisaasje, steat - en konstitúsjonele herfoarmingen, steatsfoarmingsprosessen, selsbeskikking, migraasje, fredesstúdzjes en de beskerming fan de minskerjochten.