Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercator Network Nijsbrief #171

De nije Mercator Network Nijsbrief April 2021 is út! En dy stiet wer grôtfol nijs oer minderheidstalen, meartaligens, edukaasje en folle mear!

Lês mear


Multilingual AR game Babelar!

It Mercator Europeesk Kennissintrum/ Fryske Akademy en it konsortium efter it Erasmus+ projekt VirtuLApp, binne grutsk dat sy de BabelAR game presintearje meie! Dit is in Augmented Reality game, makke foar skoalbern yn de leeftyd fan 7 oant 12 jier.

Lês mear


ENROPE online Intensive Study Week (fergees)

Pak dizze kâns! Us Enrope Project biedt in online Stúdzje Wike oan (fergees) foar begjinnende ûndersikers (MA/ doc/ postdoc) op it mêd fan meartaligens en taallearen! It evenemint fynt plak fan 28 Juny-2 July.

Mear ynformaasje


Nij ûndersyksartikel fan Dr. Ruth Kircher

In nije publikaasje fan Mercator-onderzoeker Dr. Ruth Kircher en Dr Ethan Kutlu (University of Florida) is krekt ferskynd, wer't yn sjoen wurdt nei de taalhâlding njonken it Spaansk as erfguodtaal yn Florida.

Mear lêze


Kalinder

mai

12

For anyone interested in developments surrounding new technologies, gamification, minority languages and diversity in multilingual classrooms.

Mear lêze

mai

26

26-28 May 2021, Zadar (Croatia). Submission abstracts: 1 Nov 2020 - 15 Jan 2021. Organised by University of Zadar, SOAS University of London, Mercator European Research Centre and CIDLes.

Mear lêze

mai

28

ENROPE workshop: Research, Career Paths and Future Prospects in the Field of Plurilingualism and Education. Hosted by the University of Siegen.

Mear lêze

jun

09

Mercator researchers Kircher and Schukking present their paper on professional intercultural communicative competence among highly-skilled refugees (NL).

Mear lêze

'The Sámi language in education in Sweden'

Fan it dossier oer 'The Sámi language in education in Sweden' is in nije, bywurke edysje ferskynd. Lieuwe Jan Hettema (Sámi allaskuvla / Sámi University of Applied Sciences, Guovdageaidnu) en Hanna Outakoski (Department of Language Studies at Ubmejen Universitiähta / Umeå University) hawwe it dossier op 'e nij besjoen en oanfold. It orizjinele dossier is gearstald troch Mikael Svonni yn 2001.

In oersjoch fan alle dossiers steane op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

  • Hoe krije autochtoane minderheidstalen yn Europeeske regio's in plak binnen it ûnderwiissysteem dêr? (bgl. Regional Dossiers series);
  • Hoe kinsto dosinten op middelbere skoallen stimulearje om de GCE doelen (ynklusyf meartaligens) yn harren daaglikse lessen op in duorsume manier te yntegrearjen, sadat it foar harrensels én foar harren learlingen motivearjend is? (bgl. Global Citizenship and Multilingual Competences Toolkit);
  • Hokker plak hawwe minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republieken, en hoe kin harren posysje ferbettere wurde? (bgl. it LEARNMe projekt troch it Mercator Network);
  • Hoe kinst jonge minsken oanmoedigje om harren feardigens op it gebied fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk? (bgl. LangUp).
Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei likernôch 2500 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
  • De Mercator-biblioteek is ûnderbrocht by hystoarysk sintrum en biblioteek Tresoar en omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.