Skip to main content

Nije sprekkers fan it Frysk:

Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen

Frysk, de twadde offisjele taal yn Nederlân, is in minderheidstaal dy’t troch UNESCO klassifisearre wurdt as in bedrige taal. De taal wurdt benammen yn de Provinsje Fryslân beskerme en promoate troch provinsjaal taalbelied en -planning. Oant no ta lei de fokus fan dit belied en dizze planning benammen op de ‘tradisjonele’ sprekkers. Oanfoljende maatregels om it learen en brûken fan de taal te promoatsjen ûnder ‘nije’ sprekkers soenen in wichtige bydrage leverje kinne oan de refitalisaasje fan it Frysk. Nije sprekkers fan in minderheidstaal binne minsken dy’t yn harren jeugd thús of yn harren mienskip (hast) net bleatsteld binne oan dizze taal, mar de taal leare as sy al âlder binne. As nije sprekkers de minderheidstaal aktyf brûke, kinne sy in wichtige rol spylje by de refitalisaasje fan dy minderheidstaal: se kinne it tal minderheidstaalsprekkers fergrutsje – en sels ek it taalgebrûk promoatsje ûnder tradisjonele sprekkers troch it sosjale netwurk fan folwoeksen minderheidstaalsprekkers te fergrutsjen en de mienskippen dêr’t minderheidstaalsprekkende bern opgroeie te ferstevigjen. Taalbelied en -planning wat nije sprekkers oanbelanget soe net sjoen wurde moatte as in ferfanging fan stipe oan tradisjonele sprekkers. It soe just in oanfolling wêze moatte: in folslein ynklusive oanpak fan refitalisaasje fan in minderheidstaal moat ynventarisearje wêr’t de beide groepen sprekkers ferlet fan hawwe en besykje de groepen te konsolidearjen.

Dit projekt rjochtet him op nije sprekkers fan it Frysk yn de Provinsje Fryslân. De dielnimmers binne 264 folwoeksenen dy’t in taalkursus Frysk folgje/folge hawwe by de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje). Middels in fragelist waarden kwantitative en kwalitative gegevens sammele oer de motivaasjes fan dizze nije sprekkers om Frysk te learen, harren hâlding tsjin de taal oer, harren ideologyske evaluaasjes fan de ferskate fariaasjes en de patroanen fan it taalgebrûk. De útkomsten fan it projekt binne beskreaun yn trije wittenskiplike artikels, dy’t allegearre geane oer de ymplikaasjes fan de útkomsten foar mooglike taalplanningsmaatregels om it learen en/of brûken fan it Frysk troch nije sprekkers te stimulearjen. Derneist resultearre it projekt ek yn op ûndersyk basearre lesmateriaal foar Afûk-taaldosinten, in ûndersyksrapport foar de Provinsje Fryslân, en in op ûndersyk basearre taalpromoasjekampanje.

De fragelist, de R-koade dy’t brûkt is foar de data-analyze, en oare ynformaasje, is fergees te lêzen op de webside fan it projekt op it Open Science Framework.

Mirjam Vellinga (links) en Ruth Kircher (rjochts) - foto: Hindrik Sijens
Mirjam Vellinga (links) en Ruth Kircher (rjochts) - foto: Hindrik Sijens

Undersykstema: Meartaligens en taal learen
Rintiid: 11/06/2020–hjoed
Meiwurker Mercator: Ruth Kircher (haadûndersiker)
Gearwurking mei: Mirjam Vellinga / Afûk - Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (NL) (mei-ûndersiker), Ethan Kutlu / University of Iowa (USA) (meiwurker)
Finansiering: Dit projekt is in gearwurking tusken Mercator/ Fryske Akademy en Afûk. It is finansiere mei in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân (nûmer 01774057) oan Ruth Kircher en Mirjam Vellinga.

Utkomsten projekt

Artikel 1 – Taalhâlding, taalideology en refitalisaasje: ferklearingen fan nije sprekkers fan it Frysk.

De útkomsten dy’t yn dit stik beskreaun wurde, litte sjen dat de hâlding fan nije sprekkers tsjin it Frysk oer sa goed as neutraal is wat de diminsje status oanbelanget, mar licht posityf op de diminsje solidariteit. Taalfeardigens komt nei boppe as in signifikante foarsizzende faktor foar de hâlding op beide diminsjes, wêrby’t in hegere taalfeardigens assosjearre wurdt mei in positivere hâlding. Dêrneist kaam lokaasje ek nei boppe as in signifikante foarsizzende faktor foar de hâlding op de diminsje solidariteit, wêrby’t dielnimmers yn plattelânsgebieten in positivere hâlding hienen as dy yn stedske gebieten. Dizze útkomsten wurde ynterpretearre yn termen fan de sosjolinguistyske kontekst yn Fryslân. Neist de hâlding fan nije sprekkers tsjin it Frysk oer, seach dit artikel ek nei harren ideologyske evaluaasjes fan de fariaasje fan it Frysk dy’t by de Afûk oanleard wurdt. De útkomsten hjirfan litte sjen dat de evaluaasjes fan nije sprekkers fan dizze fariaasje tichtby neutraal leit yn termen fan anonimiteit, mar licht posityf is yn termen fan autentisiteit. Dizze ferrassende útkomst kin útlein wurde troch it feit dat in soad Afûk-dosinten nije sprekkers net allinnich de standertfariant fan it Frysk oanleare, dy’t kodifisearre is yn it offisjele lesmateriaal – se leare harren ek (oer) de sosjaal en geografysk basearre fariaasjes dy’t tradisjonele sprekkers brûke. Benammen de oan status relatearre hâldingen komme oerien mei anonimiteit-relatearre ideologyen, wylst de solidariteit-relatearre hâldingen oerienkomme mei autentisiteit-relatearre ideologyen. Dizze útkomst wurdt ynterpretearre yn termen fan de konseptuele ferbannen yn termen fan respektyflik utilitêre wearde en sosjale identiteit. It artikel besprekt de ymplikaasjes fan de útkomsten foar mooglike taalplanningsmaatregels om it learen en/of brûken fan it Frysk troch nije sprekkers te stimulearjen.

In foarpublikaasje fan it artikel is hjir te lêzen

 

Artikel 2 – Promoasje fan it brûken fan in minderheidstaal om refitalisaasje te stimulearjen: ynsichten fan nije sprekkers fan it Frysk.

De útkomsten dy’t yn dit artikel presintearre wurden, litte sjen dat it feit dat nije sprekkers it Frysk prate kinne, noch net automatysk betsjut dat sy de taal ek brûke. De dielnimmers oan de stúdzje brûke it Frysk mar inkeldris – en as sy de taal brûke, dan benammen yn it leslokaal. De ynteraksje yn de minderheidstaal bûten it leslokaal, mei tradisjonele sprekkers, bestiet benammen út in pear standert wurden of sinnen. De dielnimmers fiele har minder noflik as se Frysk prate mei tradisjonele sprekkers dan yn in petear mei nije sprekkers, en in soad dielnimmers fiele har net akseptearre as autentike leden fan de minderheidstaalmienskip. Nije sprekkers jouwe oan hoe’t tradisjonele sprekkers mei harren hâlden en dragen nije sprekkers ûntmoedigje: se wegerje fan it begjin ôf oan Frysk te praten, skeakelje yn it petear oer nei it Nederlânsk, meitsje grapkes oer hoe’t de nije sprekker Frysk praat, en korrizjearje de flaters fan de nije sprekker wylst dêr net om frege is. Dizze útkomsten wurde ynterpretearre yn it ljocht fan de komplekse relaasje tusken tradisjonele en nije sprekkers, wêr’t fragen oer legitimiteit en linguistyske ûnwissens (by beide groepen) tige relevant binne. Dochs jouwe de útkomsten ek oan dat tradisjonele sprekkers genôch dwaan kinne om nije sprekkers te stimulearjen om it Frysk te brûken – nammentlik troch maklike wurden te brûken, sa no en dan te freegjen oft wat sein is dúdlik is, stadiger te praten en foaral troch nije sprekkers eksplisyt oan te moedigjen om it Frysk te brûken. Dit artikel besprekt de ymplikaasjes fan de útkomsten foar de promoasje fan aktivaasje fan nije sprekkers, oftewol, it proses om derfoar te soargjen dat nije sprekkers aktyf en regelmjittich de oanlearde minderheidstaal brûke.

In foarpublikaasje fan it artikel is hjir te lêzen.

 

Artikel 3 – Motivaasjes fan nije sprekkers om Frysk te learen: lessen foar taalplanning.

Mear ynformaasje oer dit artikel komt meikoarten beskikber.


Lesmateriaal

Dit komt meikoarten beskikber.


It ûndersyksrapport

Dit komt meikoarten beskikber.


De taalpromoasjekampanje

Ynformaasje oer de kampanje Praat mar Frysk, ek mei nije Fryskpraters is hjir te finen. 


De ûndersikers

Ruth Kircher (PhD, Queen Mary University of London) is ûndersiker by it Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning / Fryske Akademy.

Mirjam Vellinga (MA, Rijksuniversiteit Groningen) is haad fan de marketingôfdieling en manager taalpromoasje by Afûk.

Ethan Kutlu (PhD, University of Florida) is postdoktorale fellow oan de fakgroep Linguistics and Psychological and Brain Sciences oan de University of Iowa.