Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercator Network Nijsbrief #176

De nije Mercator Network Nijsbrief Septimber 2021 is út! En dy stiet wer grôtfol nijs oer minderheidstalen, meartaligens, edukaasje en folle mear!

Lês mear


Nominaasje LC-Awards!

Us stazjêrs Engelina Smeins en Kirsten Wildenburg binne nominearre foar de Leeuwarder Courant-Awards foar harren ûndersyk nei de tapassing fan de meertalige game BabelAR (makke troch ús Erasmus+ projekt Virtulapp)!

Stim!


NPLD rapport skreaun troch Mercator ûndersikers

It NPLD hat Mercator frege om ûndersyk te dwaan nei de Europeeske finansieringsmooglikheden foar regionale en minderheidstalen. Ús ûndersikers Anna Fardau Schukking en Helga Kuipers-Zandberg, tegearre mei de Generalitat de Catalunya, skreaunen dit wiidweidige rapport.

Lês mear


Undersyk nei taalhâldings yn sosjale media

In nije publikaasje fan Mercator-onderzoeker Dr. Ruth Kircher en Dr Ethan Kutlu (University of Florida) is krekt ferskynd, wer't yn sjoen wurdt nei ûndersyksmetoades nei taalhâldings in sosjale mediagegevens.

Lês mear


Bedrige talen en argiven

Yn dit projekt wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Lês mear


Kalinder

nov

02

We kindly invite you to the VirtuLApp project’s final event!

Mear lêze

nov

26

Mercator Multilingualism Lecture 2021: We talk, they listen. About the role of language exposure in early multilingual development.

Mear lêze

'The Sámi language in education in Sweden'

Fan it dossier oer 'The Sámi language in education in Sweden' is in nije, bywurke edysje ferskynd. Lieuwe Jan Hettema (Sámi allaskuvla / Sámi University of Applied Sciences, Guovdageaidnu) en Hanna Outakoski (Department of Language Studies at Ubmejen Universitiähta / Umeå University) hawwe it dossier op 'e nij besjoen en oanfold. It orizjinele dossier is gearstald troch Mikael Svonni yn 2001.

In oersjoch fan alle dossiers steane op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

  • Hoe krije autochtoane minderheidstalen yn Europeeske regio's in plak binnen it ûnderwiissysteem dêr? (bgl. Regional Dossiers series);
  • Hoe kinsto dosinten op middelbere skoallen stimulearje om de GCE doelen (ynklusyf meartaligens) yn harren daaglikse lessen op in duorsume manier te yntegrearjen, sadat it foar harrensels én foar harren learlingen motivearjend is? (bgl. Global Citizenship and Multilingual Competences Toolkit);
  • Hokker plak hawwe minderheidstalen yn de wetjouwing fan Europeeske lannen en Russyske republieken, en hoe kin harren posysje ferbettere wurde? (bgl. it LEARNMe projekt troch it Mercator Network);
  • Hoe kinst jonge minsken oanmoedigje om harren feardigens op it gebied fan minderheidstalen yn te setten by it sykjen nei wurk? (bgl. LangUp).
Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei likernôch 2500 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
  • De Mercator-biblioteek is ûnderbrocht by hystoarysk sintrum en biblioteek Tresoar en omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.