Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercator Network Nijsbrief July #162 online

Mei wer in hiel soad nijs oer meartaligens en minderheidstalen!

Lês mear


Nije projektnijsbrieven

Trije fan ús projekten oer meartaligheid en edukaasje hawwe wer in nije nijsbrief publisearre! Lês dy fan VirtuLApp, it 3M Projekt en dy fan Holi-Frysk!


Nij Regionaal Dossier oer 'Romani and Beash'

Fan it dossier oer 'Romani and Beash languages in education in Hungary' is in nije, bywurke edysje ferskynd! Kinga Magdolna Mandel hat in update makke fan dit dossier út 2005.

Lês mear


Bedrige talen en argiven

Yn dit projekt wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Lês mear


Kalinder

sep

28

Postponed to 26-28 May 2021. Organized by the University of Zadar, SOAS, Mercator European Research Centre and CIDLes.

Mear lêze

nov

23

ENROPE’s second Intensive Study Week is held online and is hosted by the University Sorbonne Nouvelle, Paris (FR).

Mear lêze

maa

24

ICML XVIII in Bilbao (ES), from 24-26 March 2021: New multilingual and multicultural circumstances. Abstract submission: 30 June 2020.

Mear lêze

Wer in nij regionaal dossier oer minderheidstalen!

Fan it dossier oer 'Romani and Beash languages in education in Hungary' is in nije, bywurke edysje ferskynd. Kinga Magdolna Mandel PhD, associate professor by it Institute of Research on Adult Education and Knowledge Management of the Eötvös Lóránd Universiteit yn Budapest, hie it orizjinele dossier yn 2005 gearstald. Hja hat it dossier yn 2019 bywurke.

In oersjoch fan alle dossiers steane op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei mear as 2000 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
  • De Mercator-biblioteek omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.