Wy binne op syk nei auteurs foar ús Mercator Regionale Dossiers! As jo ynteressearre binne om auteur te wurden of mear ynformaasje wolle oer dizze útdaagjende mooglikheden, hearre wy graach fan jo!
Regionale dossiers
Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.
De dossiers jouwe ynformaasje oer:
- Underwiisstatistyken, bygelyks it oantal twatalige skoallen, it persintaazje learlingen dy't de minderheidstaal leare, de taalfeardigens fan de dosinten ensafh.
- Belied op it mêd fan it ûnderwiis fan de minderheidstaal
- De struktuer fan it ûnderwiissysteem yn de regio
- It oantal sprekkers fan de minderheidstaal
- De ynstituten dy't de minderheidstaal stypje.
Eksperts
Op dit stuit binne wy benammen op syk nei eksperts op it mêd fan:
- Dútsk yn Hongarije
- Papiamentu op de ABC-eilannen
- Sámi yn Noarwegen
- Sardijns yn Italië
- Skolt, Nord en Inari Sámi yn Finlân
- Katalaansk yn Spanje (update)
- Poalsk yn Litouwen (update)
- Roetheensk yn Poalen (update)
- Oekraynsk yn Poalen (update)
Jo kinne kontakt opnimme mei ús team fan redakteuren fia mercator-regionaldossiers@fryske-akademy.nl.