Skip to main content

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. 

Utljochte

Mercator Nijsbrief #159 online

Mei wer in hiel soad nijs oer meartaligens en minderheidstalen!

Mear lêze

Alwer twa nije Regionale Dossiers!

Mei de Regionale Dossiers sjogge wy nei it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal. Nije dossiers binne 'The Ulster-Scots language in education in Northern Ireland' en 'The Slovene language in education in Italy (3rd ed.)'.

Mear ynformaasje 

ENROPE oprop: Online Study Phase en Intensive Study Week

It Erasmus+-projekt ENROPE, dêr't Mercator ien fan de partners fan is, siket ûndersikers (MA, PhD) dy't wurkje op it mêd fan plurylinguistyk en ûnderwiis, om mei te dwaan oan in Online Study Phase (start: 3 maart) of it Intensive Study Programme yn Paris yn juny 2020 (fergees, deadline: 6 maart). 

Mear lêze 

Earste nijsbrief VirtuLapp Projekt

Us Erasmus+-projekt VirtuLapp hat in earste nijsbrief útbrocht, mei nijs oer it online taalspultsje Babel, fideo's oer meartalige skoallen en in wurkwinkel yn Dublin.

Mear lêze

Bedrige talen en argiven

Yn dit projekt wurde kontakten tusken talen en taalferoaring ûndersocht, mar ek rekonstruksjes makke fan histoaryske lûdsopnamen. Bysûnder omtinken krije de Russyske Federaasje en omlizzende lannen.

Mear lêze

Kalinder

maa

03

Anyone can participate in the Online Study Phase of the Erasmus+project ENROPE. The focus of OSP#2 is 'Networking and Collaboration'.

Mear lêze

maa

11

POSTPONED DUE TO COVID-19: Three day-symposium on multilingualism, supported by the Mercator European Research Centre

Mear lêze

apr

03

POSTPONED DUE TO COVID-19. During this free one-day event you will hear about the Erasmus+project VirtuLapp and the latest research by world-renowned researchers in multilingualism.

Mear lêze

jun

29

ENROPE’s second Intensive Study Week is held in Paris, at the University Sorbonne Nouvelle.

Mear lêze

sep

28

The NEWCON 2020 Conference is organized by the University of Zadar, SOAS World Languages Institute, Mercator European Research Centre and CIDLes.

Mear lêze

Twa regionale dossiers oer minderheidstalen!

 

Nij is het regionale dossier oer 'The Ulster-Scots language in education in Northern Ireland'; it dossier oer 'The Slovene language in education in Italy (3rd ed.)' is no bywurke.

In oersjoch fan alle dossiers kinne jo fine op ús spesjale Regional Dossiers-pagina.

Research at Mercator

Undersyk

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ferneamd yn Europa as ûnôfhinklik ynstitút, rjochte op ûnderwiis en belied op it mêd fan minderheidstalen. Belanghawwers en beliedsmakkers binne by Mercator te plak foar ynformaasje en advys basearre op akademysk ûndersyk. 

Mercator sammelet ynformaasje út hiel Europa en dielen fan Ruslân en arbeidet dêrby op mei lokale saakkundigen, ynstituten en universiteiten. Foarbylden fan fraachstikken dy't Mercator ûndersiket:

Mercator's Regional Dossiers

Disseminaasje

It Mercator Europeesk Kennissintrum dielt en ferspriedt sammele kennis, online en troch har publikaasjes:

  • De Mercator Regionale Dossiers, skreaun troch eksperts út hiel Europa, jouwe detaillearre ynformaasje oer edukaasje en wetjouwing fan minderheidstalen yn Europa;
  • Undersyksrapporten, produkten fan it ûndersyk útfierd troch Mercator, binne fergees te downloaden;
  • Yn de Mercator Netwurk Nijsbrief dielt Mercator nijs mei mear as 2000 abonnees oer minderheidstalen en oer takommende eveneminten;
  • De Mercator-biblioteek omfettet mear as 6500 titels, sawol boeken as artikels, op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taallearen.

Mercator is altyd dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije, bettere wizen foar it dielen fan kennis:

Mercator's network in 2016

Ferbining sykje

Mercator Europeesk Kennissintrum is in akademysk platfoarm, dêr't eksperts en beliedsmakkers op it mêd fan minderheidstalen inoar moetsje kinne:

  • Mercator Kennissintrum organisearret konferinsjes en workshops.
  • Tegearre mei it Mercator Netwurk realisearret Mercator Europeesk Kennissintrum projekten lykas it LEARNMe Projekt (2012-2016), dat in paadwizer foar beliedsmakkers ûntwikkele hat foar belied op it mêd fan edukaasje fan minderheidstalen.
  • Mei de Ekspertsdatabank, ferbetteret Mercator de sichtberens fan akademisy dy't wurkje oan minderheidstalen en jout it in oersjoch fan kennis op it mêd yn Europa.
  • Mercator biedt in online platfoarm, it Skoallenetwurk, dêr't Europeeske skoallen dy't minderheidstalen ûnderwize, útdagings beprate en ideeën útwikselje kinne.
  • Geregeldwei hâldt Mercator fraachpetearen mei eksperts op it mêd fan minderheidstalen - wêr wurkje sy oan en wat driuwt harren? - en dielt dy petearen yn de Ekspert yn it Skynljocht-seksje.

Mear lêze oer ús ynternasjonaal oparbeidzjen.