Mercatorbiblioteek by Tresoar

It Mercator Kennissintrum hat in biblioteek mei mear as 6500 boeken en artikels oer minderheidstalen, twatalich en meartalich ûnderwiis, taalûnderwiis yn it algemien, taalpolityk en oare taalrelatearre ûnderwerpen.  

De biblioteek wurdt fersoarge troch Tresoar, it Regionaal en Histoarysk Sintrum fan Fryslân. De biblioteekkatalogus fine jo op:

https://tresoar.on.worldcat.org/discovery

Boeken dy't diel útmeitsje fan de Mercatorkolleksje kinne jo werkenne oan it sinjatuer Merc, e.g. Merc100Gbe125. In part fan de kolleksje stiet yn de iepen opstelling yn 'e stúdzjeseal fan Tresoar, in oar part is opslein yn de depots en kinne jo in dei yn 't foar oanfreegje fia de katalogus of fia de baly.

Tresoar is fêstige yn it sintrum fan Ljouwert, tsjinoer it gebou fan Mercator/ Fryske Akademy:

Tresoar
Bûterhoeke 1
8911 DH Ljouwert
Tel: 058 - 789 0 789
info@tresoar.nl