Skip to main content

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum is ûnderdiel fan de Fryske Akademy, wêr't fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer plak fynt. De Akademy is liearre oan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) en makket ek diel út fan 'e ynstitute- en ûndersyksorganisaasje fan 'e KNAW. 

It Mercator Europeesk Kennissintrum makket diel út fan it Europeeske Mercator Network.

Missy

De missy fan it Mercator Europeesk  Kennissintrum is it opdwaan en ynventarisearjen, it ûndersykjen en bestudearjen en it fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartalichheid en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan it Mercator Kennissintrum leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa, mar ymmigrantentalen en talen út lytse lannen binnen ek ûnderwerp fan ûndersyk.

It Mercator Europeesk Kennissintrum is fêstige yn de minderheidstalenprovinsje Fryslân. As ûndersyksynstituut makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartalichheid. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mei oare wurden, it Mercator Europeesk Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!

Histoarje

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen begûn yn 1987 as Mercator Education, ien fan de trije ynstituten fan it Mercator Network. It oprjochtsjen fan it Mercator Network wie in inisjatyf fan de Europeeske Kommisje en it direkte resultaat fan twa moasjes fan it Europeeske Parlemint: de ‘moasje Kuijpers’ (moasje oer talen en kultueren fan regionale en etnyske minderheden yn de Europeeske Mienskip) en de 'moasje Arfé'.

Yn de twa desennia dêrnei binne de wurksemheden fan it Mercator Network bekostige út Europeesk projektjild, dêrby stipe troch partnerorganisaasjes op it mêd fan regionale en minderheidstalen, lykas de Fryske Akademy. Yn 2006 einige dat projektprogramma en feroare de opset fan Mercator nei de foarm dy't wy no kinne: it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. Mercator ûntfangt in jierlikse subsydzje fan de provinsje Fryslân om in diel fan de deilikse aktiviteiten te bekostigjen. In grut part fan it wurk wurdt finansiere mei tiidlike projektjilden.

Produkten en tsjinsten

Foar wa't ynteressearre is yn minderheidstalen en edukaasje, hat Mercator in ferskaat oan produkten en tsjinsten: 

  • Us langrinnende searje Regional Dossiers jout ynformaasje oer de status fan minderheidstalenedukaasje yn in grut oantal meartalige regio's yn Europa en Ruslân. 
  • Noch mear ynformaasje kinne jo fine yn in grut ferskaat oan rapporten en publikaasjes.
  • De Database of Experts befettet sa'n 600 eksperts op it mêd fan minderheidstalen, meartaligens en taaledukaasje.
  • De moanlikse Mercator Newsletter jout ynteressant nijs oer it Mercator Network, mar ek oer minderheidstalen en beliedsfoarming, taaledukaasje yn meartalige regio's en belangryke eveneminten.
  • It Mercator Europeesk Kennissintrum is beskikber foar ûndersyk yn opdracht.
  • Foar spesifyke fragen oer meartaligens of minderheidstalenedukaasje kinne jo kontakt mei ús opnimme.

Jierferslaggen

Jierferslaggen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum binne yn pdf-formaat beskikber yn it Ingelsk. It lêste folsleine jierferslach giet oer 2017, it folgjende bestrykt de perioade 2018-2020. By fragen kinne jo altyd kontakt mei ús opnimme.

Oer de ôfbyldingen op de thússide

Kaart fan Europa út de Atlas sive Cosmographicae

Dizze ôfbylding komt út de troch de Flaming Gerardus Mercator (1512 – 1594) makke 'Atlas sive Cosmographicae Meditationes de Fabrica Mundi et Fabrica Figura' (publisearre nei syn dea yn 1595). Gerardus Mercator wie in kartograaf, geograaf en kosmograaf. Hy ûntwikkele as earste in hoekgetroue kaartprojeksje, de Mercatorprojeksje.

 

De gearspraak fan de fûgels

Dizze ôfbylding is in skilderij fan de Perzyske Habiballah fan Sava en is makke tusken 1590 en 1610. De yllustraasje ferbyldet in foarstelling út in mystyk gedicht, Mantiq al-tair (Taal fan de fûgels), skreaun troch Farid al-Din 'Attar yn de tolfde iuw. De fûgels stean symboal foar yndividuele sielen op syk nei de simurgh (in mystyke fûgel dy't alle kennis hat). Se komme gear yn in idyllysk lânskip om harren pylgergong ûnder de lieding fan in hûpe (delstrutsen op in stien oan de rjochterkant fan de ôfbylding) te begjinnen. 

Boarne: Metropolitan Museum of Art.