Skip to main content Skip to page footer

Utnûging Europeeske Dei fan de Talen

It Europeesk Buro foar Lytse Talen en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) nûgje jo fan herte út foar de fiering fan de Europeeske Dei fan de Talen op tongersdei 26 septimber, ‘En... AKSJE! films yn regionale of minderheidstalen’.

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Lokkich wurde der rûnom yn Europa mear films yn minderheidstalen makke, op hieltyd better nivo. Mar wat binne de erfaringen en produksjes fan filmmakkers yn ús lân? Wêr binne filmmakkers en –produsinten mei dwaande, hokfoar útdagings komme sy tsjin en wêr fine sy de nedige stipe? Op de Europeeske Dei fan de Talen sille wy yn petear mei ferskate filmmakkers út Noard-Nederlân: 

- Johanneke Dijkstra, Fryske film ‘Kriich’ (2024) 
- Rob Camies, Drintske film ‘Grenzeloos Verraad’ (2023) 
- Steven de Jong, Fryske film ‘Grutte Pier’ (2022) 
- Janko Krist, Fryske film ‘Stjer’ (2021)

Sjoernalist Onno Falkena en EBLT-foarsitter Gerard de Jong liede de jûn. Der sille ek filmfragminten te sjen wêze op it wite doek. Nei ôfrin is der in hapke en in drankje.

Europeeske Dei fan de Talen 

De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Ried fan Europa binne 82 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 207 taalmienskippen. Yn Nederlân binne dat it Frysk, Jiddysk, Limboarchsk, Nedersaksysk, Papiamintsk en de talen fan de Roma en Sinti.

Wês wolkom 

Tagong: iepenbier, fergees
Datum: tongersdei 26 septimber, 19:30 oere
Plak: Stellingwarver Schrieversronte, Willinge Prinsstraote 20, 8421 PE, Berkoop/Oldeberkoop
Graach opjaan by it EBLT-sekretariaat.