Sannah wûn de Fryske Akademy Skripsjepriis: “De kennis brûk ik deistich yn myn wurk”
Wêr gie dyn skripsje oer?
“Myn skripsje gong oer de fraach hoe’t hâldingen foar it Frysk oer yn relaasje steane ta fersteanberens fan it Frysk by minsken mei in Nederlânske taaleftergrûn. Ik fûn dat nijsgjirrich om’t it my opfoel dat minsken dy’t in negative hâlding foar it Frysk oer de taal minder goed fersteane koenen ast suver taalkundich ferwachtsje soest. De fraach dy’t sintraal stie yn myn skripsje wie dus ek oft de hâldingen en assosjaasjes dy’t minsken hawwe foar it Frysk oer fan ynfloed binne op oft sy it Frysk ferstean kinne. Om dy fraach te beänderjen haw ik ûnder oaren de Theory of Planned Behaviour út de psychology tapast op taalkunde. It liket der op dat hoe moderner minsken in taal fine, hoe better se de taal fersteane.”
Hoe koesto de Skripsjepriis fan de Fryske Akademy?
“Ik wist dat de Skripsjepriis bestie, want ik hie der ris fan heard op de Taalkundedei. In dei foar de deadline krige ik in yn it sin bringer en doe moast alles noch efkes hiel fluch. De skripsje moast neffens de regels doe noch fia de post ferstjoerd wurde, dat kin no lokkich digitaal. Dus ik haw it gau printe en ynynbûn. It wie hiel hektysk en hastich, dat it hie net in soad skeeld of ik hie de Skripsjepriis hielendal net wûn!”
En doe krigesto de Skripsjepriis takend…
“Ja! Ik wit noch goed dat ik it mailtsje krige. Ik wie op it wurk, en ik sei lûdop: “Oh my god, ik haw de Skripsjepriis wûn!”. Doe’t ik fierder lies, seach ik dat ik dat hielendal noch net fertelle mocht. Ik ha alle kollega’s dy’t it heard hienen tasizze litten dat se it net ien fertelle soenen. Ik fûn it op de dei fan de útrikking op de Akademydei wol spannend om yn de oandacht te stean, mar eintsjebeslút foel dat alles ta.”
Wat hat it winnen fan de Skripsjepriis dy brocht?
“It is altyd moai dat dyn wurk wurdearre wurdt en it hat my ek fierder yn kontakt brocht mei it Fryske netwurk. Op ‘e stúdzje hie ik faak it gefoel dat myn wurk net echt fan tapassing wie op de echte wrâld. Ik woe graach dat myn skripsje doel hie. Om dan te hearren fan de sjuery dat myn skripsje in weardefolle bydrage is oan de frisistyk, dat wie wol hiel bysûnder.”
Dochtsto no noch wat mei it ûnderwerp fan dyn skripsje?
“Ik bin my der hiel bewust fan dat hâldingen foar it Frysk oer ek it gedrach fan minsken beynfloedet, en dat nim ik as beliedsadviseur Frysk fansels mei yn myn wurk. Ik pas myn kennis fansels ta yn myn beliedsadvisearring om sadwaande hooplik in bydrage te leverje oan de fitaliteit fan it Frysk. De kennis dy’tst opdien hast mei it skriuwen fan dyn skripsje nimst altyd mei en it is moai dat ik it op positive wize tapasse kin yn myn wurk.”
Meidwaan?
| De twajierlikse Skripsjepriis fan de Fryske Akademy waard yn 1988 ynsteld, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro. Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2026 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Alle ynformaasje is hjir te finen: Skripsjepriis - Fryske Akademy |