Skip to main content Skip to page footer

Suzanne Dekker

Promoasje Suzanne Dekker: ‘Multilingualism in heads, hearts, and hands’

Suzanne Dekker wurket sûnt oktober 2023 by it Mercator Europeesk Kennissintrum. Op 13 juny hopet se te promovearjen.

Suzanne Dekker is yn oktober 2023 begûn as postdoc / senior ûndersiker by Mercator en dêr wurket hja benammen oan it analysearjen fan de Taalsurvey, in grutskalich ûndersyk nei de hjoeddeistige sels-ynskatte taalfeardigens, attitudes en gebrûkspatroanen fan it Frysk. Ek is Dekker belutsen by it nije projekt InterGenerational Transmission of West-Frisian (IGT) en wurke hja oan it ôfrûnjen fan har PhD oan de Ryksuniversiteit Grins. "En ik wurkje op 't stuit ék noch ien dei yn 'e wike as ûndersiker by it lektoraat Meartaligens en Underwiis fan de Hegeskoalle fan Utert, dêr't ik belutsen bin by projekten oer effisjint ûnderwiis Ingelsk op de basisskoallen, meartaligens en lêsûnderwiis, en profesjonalisearring fan nijkommersspesjalisten.” 

Dekkers ûndersykswurk yn Utert wie in moaie basis for har promoasjeûndersyk by it lektoraat Meartaligens en Geletterdheid fan de NHL Stenden Hegeskoalle en de Ryksuniversiteit Grins. “Myn promotor is jim âld-kollega Joana Duarte, en myn ko-promotor is Hanneke Loerts. Ik haw by NHL Stenden it begeliedende ûndersyk útfierd binnen it 3M Project (Meer kansen Met Meertaligheid) en as dosint by de Universiteit Grins fersoarge ik de fakken Language Variation: The Communicative Consequences, Language Planning and Policy, en Multilingualism and Education.” 

 

Meartaligens

“Myn promoasjeûndersyk giet oer it ûntwikkeljen, ymplemintearjen en evaluearjen fan meartaligens op Fryske basisskoallen. Binnen it 3M Project waarden der nammentlik meartalige aktiviteiten ûntwikkele foar ferskillende doelgroepen learlingen. Myn ûndersyk giet oer de hâldingen tsjinoer meartaligens en it brûken fan dizze meartalige aktiviteiten, en hoe 't de hâldingen harren ûntwikkelje yn de rin fan it projekt.”  

Dekker hat gebrûk makke fan kwantitative enkêtes en longitudinale analyze fan fideo-data, en kwalitative (longitudinale) ynterviews. “It ûndersyk lit sjen dat men oer it algemien posityf is as it giet om meartaligens, en in soad helje kin út dielname oan in projekt as 3M. Ek lit it sjen dat soksoarte projekten needsaaklik binne om meartaligens del te setten as prioriteit binnen de skoallen.” 

 

Promoasje

Suzanne Dekker hopet te promovearjen oan de Ryksuniversiteit Grins, op tongersdei 13 juny 2024. De ferdigeningsseremoanje kinne jo fergees online bywenje fan 14:30 oere ôf fia de livestream op de website fan de RuG.

  • Dekker, S. (2024). ‘Multilingualism in Heads, Hearts, and Hands’: Attitudes towards the development, implementation, and evaluation of multilingual approaches in Frisian primary schools. [Thesis fully internal (DIV), University of Groningen]. University of Groningen. https://doi.org/10.33612/diss.1012163524

In gearfetting fan de dissertaasje yn trije talen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk) kinne jo hjir dellade.