Skip to main content Skip to page footer

Dr. Nika Stefan. Friesch Dagblad, 25-04-2025. Foto: Marchje Andringa

Persoan efter de wittenskip: taalkundige Nika Stefan

Als Poolse uitwisselingsstudent in Groningen kwam Nika Stefan (Wroclaw, 1985) voor het eerst in aanraking met het Fries. Nu is zij gepromoveerd in de Friese taalkunde en werkt ze bij de Fryske Akademy, dol op ,,it dialektysk ferskaat”.

Sa begjint it ynterview mei Dr. Nika Stefan, dat hjoed (25 april) yn it Friesch Dagblad stiet. It is it fjirde artikel yn in rige fan tolve: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad sille yn 2025 gearwurkje om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.

Want wat dogge ús wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 kinne jo alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear lêze oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.

It ynterview mei Nika sil ynkoarten ek online komme op de website van it Friesch Dagblad

Eardere ynterviews

It ynterview mei Hindrik Sijens, ‘De rijkdom van de taal helpen beleven’ kinne jo hjir online lêze (ynlogge ferplichte). It ynterview mei Han Nijdam, ‘Han Nijdam slaat een brug tussen de Friese middeleeuwen en nu’, kinne jo hjir online lêze (ynlogge ferplichte). De earste ôflevering, in ynterview mei Janneke Spoelstra, stiet hjir online (ynlogge ferplichte). Marchje Andringa makke de foto's by de artikelen.