Skip to main content Skip to page footer

OWL+ projekt: Oprop dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis

It team fan it ynternasjonale OWL+ projekt freget dosinten Frysk om te helpen by it testen fan aktiviteiten.

It team fan it troch it EU Erasmus+-programma finansiere OWL+ projekt is op syk nei dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Soene jo oan it projekt meiwurkje wolle? Der binne trije aktiviteiten, wêr't it team graach jo ûnderfining en miening oer witte wol. Dit binne aktiviteiten dy't ûntwikkele binne binnen it projekt 'Ownership and Leadership: Pathways for (Endangered) Languages' Use in School' (koart: OWL+). It giet om it omskriuwen fan in natuerlik objekt (sa as in beam) en om aktiviteiten op it mêd fan Fryske skiednis en Fryske literatuer. 

In koarte omskriuwing fine jo yn de OWL+-flyer (pdf). Foar fragen of oanmelde kinne jo kontakt opnimme mei ûndersyksmeiwurker Femke van Seijen fan Mercator / Fryske Akademy fia e-mail.

 

Oer OWL+

Yn gearwurking mei kennisynstituten binnen Europa - en soms sels dêrbûten - wurket Mercator trochrinnend oan in grut ferskaat oan ûndersyksprojekten. Op dit stuit is Mercator / Fryske Akademy ûnder mear de koördinearjende partner fan it OWL+ projekt . De partners yn OWL+ binne it Interdisciplinary Centre for Social and Language Documentation (CIDLeS) (PT), Nord University (NO), Rēzekne Academy of Technologies (LV), and Tallinn University (EE)

De doelstelling fan OWL+ is it kreëarjen fan mooglikheden foar learkrêften om minder brûkte of sels bedrige talen te yntegrearjen yn harren ûnderwiisaktiviteiten. It projekt krijt foar in perioade fan trije jier finansiering út it Europeeske Erasmus+ programma Key Action 2 Partnerships for Cooperation. De ekspertize fan de leden fan it OWL+ konsortsium hawwe betrekking op it Letsk, Mirandeesk, Súd-Saami en Frysk. De learmiddels dy't hja ûntwikkelje foar én yn oparbeidzjen mei de lokale taalmienskip, binne bedoeld om it bewustwêzen oangeande de minder brûkte talen te fergrutsjen, om dosinten te foarsjen fan adekwate ynformaasje oer dy talen en om de yntegraasje fan dy talen yn ferskillende learkonteksten oan te moedigjen.

Mear ynformaasje oer it projekt kinne jo fine op de OWL+ projektwebsite.