Skip to main content Skip to page footer

Nije ôfspraken foar fuortsterkjen Fryske taal en kultuer

It Ryk en de provinsje ynvestearje de kommende fiif jier folop yn de Fryske taal.

De kommende fiif jaar ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk stelt  mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om de ôfspraken út te fieren.

Yn dizze BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby krijt ûnder oare it Fryske ûnderwiis in ympuls. Ek stelt it Ryk jild beskikber foar it oanstellen fan meartalichheidskoördinatoaren by Fryske gemeenten. Minister Hugo de Jonge: “Taal is overal, iedere dag. En dan is het fijn als dat de taal is die het dichtst bij je staat, in welke regio je ook woont. Want taal is onlosmakelijk verbonden met wie je bent. Voor veel Friezen is dat het Fries. Daarom is het belangrijk dat we het gebruik van deze taal beschermen en versterken. Met deze nieuwe Bestjoersôfspraak leggen we de lat hiervoor flink hoger.”

Fiif prioriteiten
It Ryk en de provinsje meitsje al langer sokke bestjoersôfspraken. Dat is fêstlein yn de Wet gebrûk Fryske taal, dêr’t yn stiet dat sy tegearre de soarchplicht hawwe foar de Fryske taal en kultuer. Binnen de nije ôfspraken foar de perioade 2024-2028 binne fiif prioriteiten oanwiisd: sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, digitalisearring fan it Frysk, Frysk yn it ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht tusken generaasjes en desintraal taalbelied.

Deputearre Eke Folkerts: “Frysk is de taal fan it hert fan in hiel soad Friezen. Mei de ôfspraken dy’t wy no mei it Ryk makke hawwe, kinne wy it brûken fan it Frysk fierder fersterkje. It Frysk fertsjinnet oeral in lykweardich plak. Net allinnich thús, op skoalle of yn kontakt mei oerheidsynstânsjes, mar ek yn de online wrâld en yn alle foarmen fan kultuer. Tink oan bygelyks iepenloftspullen, muzyk en literatuer, likegoed as films, booktoks en podcasts. Ik sjoch út nei de earste Frysktalige krimy op nasjonale telefyzje of by in ynternasjonale streamingstsjinst.” 

Wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk
Wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk is essinsjeel foar in fitale Fryske taal en kultuer. De Fryske Akademy fersoarget en finansiert in part fan learstuollen oan de Universiteit Utrecht en de Universiteit van Amsterdam. Konfoarm it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden hat it Ryk de befoardering fan stúdzje en ûndersyk fan it Frysk oan universiteiten en lykweardige ynstellings as taak. Op grûn fan dy rol is it Ryk meifinansier fan de Fryske Akademy. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen fan de Fryske Akademy sil yn de praktyk stal jaan oan mear ferbining tusken wittenskiplik ûndersyk, de beliedsûntwikkeling en dy fan taalfitaliteit fan it Frysk.

Mear lêze:

  • Gearfettting/samenvatting Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 (Frysk/Nederlands)
  • Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 (Frysk/Nederlands)