Skip to main content Skip to page footer

Nij Erasmus+ projekt: Read with MEE

Mercator is koördinator fan it Erasmus+ projekt Read with MEE, in gearwurking mei kennisynstituten út Ierlân, Spanje, België en Fryslân.

Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE hat as doel om belangrike lêsfeardigens en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen foar jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld).

De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern. Read with MEE sil de ynklúzje fan har taalfeardigens befoarderje op foarskoalsk ûnderwiis en thús.

It projekt is rjochte op it ferbetterjen fan de ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens en hat as doel om:

a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens;
b) it stypjen fan ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús;
c) in positive hâlding te ûntwikkeljen foar taalferskaat en thústalen.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne: ATiT (België), NHL Stenden University of Applied Sciences en 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân), en de University of the Basque Country (Spanje). It projekt wurdt finansiere troch de Europeeske Uny.

Mear ynformaasje folget ynkoarten.