Skip to main content Skip to page footer

Mei ierdbei- of fanylje-iis prate oer foardielen fan meartaligens

Sneon 26 septimber stiet ek bekend as de Europeeske Dei fan de Talen (European Day of Languages). It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen dielden dy dei iisko's út op strjitte yn Ljouwert om omtinken te freegjen foar taalferskaat.

176 iisko's

Yn minder as twa oeren tiid waarden 176 iisko's foarbygongers traktearre op iisko's fan Jan de Ijscoman. Under it genot fan ierdbei- of fanylje-iis kaam sa it petear op gong oer talen en meartalichheid: hokker talen prate jimme eins? Wisten jimme dat fan inoar as freonen? Wat is dyn favorite wurd? Wat binne de foardielen fan meartaligens?

Yung Frysk wie der de middeis ek by om te filmjen. It resultaat is te finen op harren youtube-kanaal. Yung Frysk is in taalpromoasjeprojekt fan de Afûk en Omrop Fryslân om jongerein tusken de 16-22 jier entûsjast te meitsjen foar it Frysk en om it Frysk te brûken yn it deistige libben.

Europeeske Dei fan de Talen

De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Ried fan Europa binne 82 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 207 taalmienskippen. Yn Nederlân binne dat it Frysk, Jiddysk, Limboarchsk, Nedersaksysk, Papiamintsk en de talen fan de Roma en Sinti.

EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum

It Europeesk Buro foar Lytse Talen, EBLT, is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, Biltsk of Papiamintsk. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje, benammen oer regionale en minderheidstalen yn Europa.