Meartaligens yn it beropsûnderwiis: Mercator lêzing mei Gabriela Meier
‘Multilingualism in vocational education and training (VET): An emerging field of inquiry’
Taalkundich ferskaat yn de maatskippij en globalisearre ekonomyen hawwe op ferskate wizen ynfloed hân op it beropsûnderwiis en beropsopliedings, mar der bestiet in kleau tusken de maatskiplike realiteit, it belied en de praktyk op de wurkflier.
Gabriela stelt, út namme fan in team fan auteurs, dat it tema meartaligens yn it beropsûnderwiis in opkommend – al is it noch ûnderbeljochte – ûnderdiel fan it ûnderwiisûndersyk is. Se sil de resultaten diele fan in narratyf literatuerûndersyk, wêryn't fragen oan 'e oarder kamen as: hoe binne wy hjir telâne kommen, wat is ús hjoeddeiske ynsjoch en hokker rjochting moatte wy no ynslaan op it mêd fan teory, praktyk, belied en ûndersyk?
Yn dizze presintaasje sil se yngean op de oanhâldende diskrepânsjes tusken belied, teory en praktyk, en sil se professionals en ûndersikers foarsjen fan kritysk ûnderboud bewiismateriaal en oanbefellings dwaan ta stipe fan taalrelatearre beslissingen yn beropsûnderwiis en -opliedings.
Oer Gabriela Meier
Gabriela Meier (PhD) foltôge in oplieding Bedriuwskunde en helle in BA yn oersetwittenskippen yn Zürich (Switserlân). It beheljen fan in ûnderwiiskwalifikaasje (Universiteit van Politiemouth), lykas in MA en PhD yn Europeeske Stúdzjes (Universiteit van Exeter, VK) late ta har ûndersyksynteresse: meartaligens yn it ûnderwiis, taalkundige sosjalisaasje en sosjale koheezje. Op it stuit is hja as associate professor ferbûn oan de Universiteit fan Exeter.
Yn it koart
Datum: Tongersdei 26 Novimber 2026
Tiid: 16:00–17:00 oere
Lokaasje: Online fia Teams
Taal fan de lêzing: Ingelsk
Dielname is fergees, mar oanmelde is ferplichte: nei it registraasjeformulier >>
Download hjir de poster om op te hingjen :-)