Masterstudinten en promovendy socht foar ENROPE-wike yn Barcelona
It ENROPE/Langscape konsortium, tegearre mei de GREDA ûndersyksgroep en de School voor Psychologie, Onderwijs en Sportwetenschappen Blanquerna (Ramon Llull Universiteit), kundigje grutsk de Maitiidsskoalle oan foar junior ûndersikers op it mêd fan meartaligens en ûnderwiis. Dizze stúdzjewike wurdt hâlden oan de Ramon Llull Universiteit yn Barcelona fan 24 oant 28 maart 2025, by FPCEE Blanquerna.
It tema fan de ENROPE/Langscape Barcelona Spring School 2025 is 'Gearwurkje mei talen: hoe reagearret ûndersyk posityf op de behoeftes binnen learomjouwingen?' It foarriedige programma stiet hjir.
Oer ENROPE/Langscape
Sûnt 2014 is Mercator/Fryske Akademy lid fan it LANGSCAPE Network. LANGSCAPE is in ynternasjonaal ûndersyksnetwurk dat him dwaande hâldt mei meartaligens, taalûnderwiis en it learen fan talen, koördinearre troch de Humboldt-Universität zu Berlin. Ien fan de suksesfolle projekten dy't fuortkommen is út dit ûndersyksnetwurk, is it Erasmus+ projekt ENROPE, dat Mercator útfierde yn gearwurking mei acht universiteiten út seis Europeeske lannen en dat as treflik beoardiele waard. Noch altyd wurkje de partners gear by de organisaasje fan edukative netwurkeveneminten, lykas by dizze stúdzjewike.
Masterstudinten en promovendy socht
De Barcelona Spring School 2025 is spesjaal ûntwurpen foar masterstudinten en promovendy mei ûndersykssinteresse op mêden as meartaligens, taalgebrûk, it learen en ûnderwizen fan talen, de ûntwikkeling fan leararen yn taalûnderwiis, en de sosjale en etyske kwestjes yn ferbân mei meartalige omjouwings. Dizze stúdzjewike biedt in unike kâns om dyn eigen wurk te presintearjen, konstruktive feedback te ûntfangen en de projekten fan oare studinten te ferkennen. Je nimme der diel oan plenêre sesjes, seminars en ynteraktive workshops, en je besykje skoallen yn Barcelona en moetsje ûnderwiisprofesjonals en oaren.
In oanfraach foar dielname moat yntsjinne wêze foar 15 desimber 2024 fia dit formulier. Dielname is fergees, mar dielnimmers moatte wol har eigen reis en ferbliuw regelje en betelje. Foar promovendy mei in universitêre arbeidsoerienkomst is it mooglik om de kosten foar in part te dekken fia Erasmus+ mobiliteitsbeurzen.
Mear ynformaasje
Alle ynformaasje, betingsten foar dielname en kontaktgegevens fan de organisator binne werom te lêzen yn de ENROPE Barcelona Spring School 2025 Announcement and Call for proposals.