Skip to main content Skip to page footer

Old Frisian Summer School

Fryske Akademy partner yn Old Frisian Summer School 2025

De Ryksuniversiteit Grins en Oxford University organisearje, yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar, yn july 2025 foar de fjirde kear de Old Frisian Summer School yn Grins.

Yn fiif dagen leare studinten oer Aldfryske taal, teksten, kultuer en skiednis yn de kontekst fan Ald-Germaanske talen. Der binne kolleezjes oer Aldfryske grammatika, de posysje binnen de Germaanske taalfamylje, Friezen yn Angelsaksyske boarnen, Aldfrysk rjocht en literatuer. Biblioteekbesites fine plak yn it ramt fan Aldfryske hânskriften, sawol yn Grins (UB) as yn Ljouwert (Tresoar's 'Richthofenkolleksje', Unesco erfgoed).

De simmerskoalle is in evenemint op it mêd fan taalkunde, ornearre foar studinten, promovendy en begjinnende ûndersikers mei ynteresse yn (Ald-)Germaanske talen en dy't ferdjipping sykje wolle yn it Aldfrysk.

Alle ynformaasje oer it programma, oanmelding en talittingseasken binne te finen op de website fan de Ryksuniversiteit Grins.