Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam sykje promovendus

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak oan foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan taalwittenskip, dan biede wy no in unike mooglikheid.

Troch de gearwurking tusken Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal. Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer it tema ‘Tense, Mood and Aspect in Verbal Morphology of Old Frisian’. Dit ûndersyk is part fan it projekt ‘The Roots of Old West Frisian’ en leveret ek in bydrage oan de opbou fan de Taaldatabank. De projektbeskriuwing is taheakke by de advertinsjetekst.

Foar de útfiering fan it ûndersyksprojekt binne wy op syk nei kandidaten mei in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit mei de taalkunde, benammen morfology en syntaxis en mei each foar histoaryske/diagroane aspekten. In oantoanbere affiniteit mei it Frysk en/of bestudearring fan de Fryske taal strekt ta oanbefelling.

It giet om in foltiidske promovendus-oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier. Reagearje kin oant 21 oktober 2024. 
Lês mear…