Fotoreportaazje wurkbesite kening Willem-Alexander
Kening Willem-Alexander hat op 16 oktober 2024 in wurkbesite brocht oan de Fryske Akademy. Yn de oanwêzigens fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Eke Folkerts gie de kening yn petear mei direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en fiif leden fan ús wittenskiplike stêf. Dr. Anne Merkuur (taalkundige), dr. Han Nijdam (histoarikus), dr. Jelske Dykstra (projektmanager Mercator), drs. Hindrik Sijens (leksikograaf) en promovendus Martijn Kingma fertelden de kening oer harren ûndersyk op it mêd fan de Frisistyk.
Fotograaf Marieke Balk wie der ek by en makke in moaie fotoreportaazje, foar en efter de skermen: de spanning by de kollega's, it media-sirkus, de fans dy't al oeren yn 't foar bûten stien te wachtsjen, it petear mei de meiwurkers, de passy foar de Fryske kasus en meartaligens...
Jo kinne de foto's hjir besjen.