Skip to main content Skip to page footer

Fotoreportaazje Akademydei 2026 online

Fotograaf Marieke Balk wie ek op de Akademydei oanwêzich en makke wer in moaie byldreportaazje.

Op freedtemiddei 11 septimber 2026 kaam elkenien nei BOEL (foarhinne Zalen Schaaf) yn Ljouwert. Haadsprekkers wiene archeolooch en paleobotanist Mans Schepers (RuG) en geurûndersikers Eveline de Smalen (Meertens Instituut) en Inger Leemans (heechlearaar Vrije Universiteit Amsterdam), dy't ferteld hawwe oer de natuer yn de tiid fan kening Redbad en de geuren fan Fryslân. 

Ta leden fan de Fryske Akademy beneamd binne Douwe Durk Breimer en Annemieke Galema. Jorris Kingma gie as skripsjepriiswinner nei hûs en in earfolle fermelding wie der foar Louw Biesma.