Skip to main content Skip to page footer

Forum foar ûnderwiis yn in minderheidstaal

It team fan it troch de Europeeske Uny finansiere Erasmus+ programma OWL+ is op syk nei dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Jo binne fan herte wolkom om mei te praten op it forum foar ûnderwiis yn in minderheidstaal, op woansdei 6 november fan 14:00-17:00 oere yn Café De Gouden Leeuw yn it Tresoar-gebou yn Ljouwert.

Wat hawwe jo, as dosint Frysk (yn oplieding), nedich om jo wurk goed dwaan te kinnen? Wêr soene jo stipe by brûke kinne, as it giet om it trochjaan fan it gebrûk fan dizze minderheidstaal, en alles wat der by komt te sjen (kultuer, skiednis, natuerlike omjouwing, ensfh.)? Wat soene jo meijaan wolle oan dosinten fan oare minderheidstalen yn Europa, en wat soene jo fan harren leare kinne?

Doch mei oan de ynternasjonale útwikseling fan ûnderfiningen mei minderheidstalen yn it ûnderwiis. It evenemint ‘Forum foar ûnderwiis yn in minderheidstaal - it Frysk en oare minderheidstalen yn Europa’ is fergees tagonklik; opjaan is ferplichte en kin hjir.

Oer OWL+

Yn gearwurking mei kennisynstituten binnen Europa - en soms sels dêrbûten - wurket Mercator trochrinnend oan in grut ferskaat oan ûndersyksprojekten. Op dit stuit is Mercator / Fryske Akademy ûnder mear de koördinearjende partner fan it OWL+ projekt . De partners yn OWL+ binne it Interdisciplinary Centre for Social and Language Documentation (CIDLeS) (PT), Nord University (NO), Rēzekne Academy of Technologies (LV), en Tallinn University (EE)

De doelstelling fan OWL+ is it kreëarjen fan mooglikheden foar learkrêften om minder brûkte of sels bedrige talen te yntegrearjen yn harren ûnderwiisaktiviteiten. It projekt krijt foar in perioade fan trije jier finansiering út it Europeeske Erasmus+ programma Key Action 2 Partnerships for Cooperation. De ekspertize fan de leden fan it OWL+ konsortsium hawwe betrekking op it Letsk, Mirandeesk, Súd-Saami en Frysk. 

De learmiddels dy't hja ûntwikkelje foar én yn oparbeidzjen mei de lokale taalmienskip, binne bedoeld om it bewustwêzen oangeande de minder brûkte talen te fergrutsjen, om dosinten te foarsjen fan adekwate ynformaasje oer dy talen en om de yntegraasje fan dy talen yn ferskillende learkonteksten oan te moedigjen.

Mear ynformaasje oer it projekt kinne jo fine op de OWL+ projektwebsite.