Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy. Foto: Marieke Balk

Fakatuere: Seniorûndersiker Digital Humanities

Bisto de ûndersiker mei ûnderfining dy’t him rjochtsje wol op it ynsetten fan Digital Humanities (DH) op it mêd fan de Fryske taal, kultuer en skiednis? Sjochsto dêrneist as koördinator kâns om mei help fan digitale ynfrastruktuer en metoaden ynnovatyf ûndersyk mooglik te meitsjen troch kollega’s, ûndersyk en data mei-inoar te ferbinen? Lês dan fierder!

Seniorûndersiker Digital Humanities mei koördinearjende taken

Wy sykje in senior wittenskiplik ûndersiker mei yngeande ûnderfining en kennis op it mêd fan de Digital Humanities, ynterdissiplinêr wittenskiplik ûndersyk en it ûntwikkeljen fan digitale ynfrastruktueren. Do hast ûnderfining mei it digitaal beskikber meitsjen fan wittenskiplike data, en do kinst in brêge slaan tusken wittenskip en de digitale ynfrastruktuer dy’tsto en dyn kollega’s fierder ûntwikkelje, beheare en ûnderhâlde sille. Wy sykje immen dy’t in fisy hat op de taak fan de Digital Humanities yn relaasje ta it wurk fan de Fryske Akademy en it wurk fan Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, en dy’t graach mei ús dizze fisy fierder ûntwikkelje en ymplemintearje wol.

Lês ús fakatuere foar in Seniorûndersiker Digital Humanities mei koördinearjende taken (38 oeren yn ‘e wike / 1 fte) yn it Frysk of Nederlânsk. Reagearje kin oant en mei 14 april 2025.

Sjoch ek ris op ús fakatuerepagina foar mear ynformaasje.