Fakatuere: senior ûndersiker histoaryske wittenskippen / programmakoördinator
Oer de funksje
Dizze funksje biedt de kâns om yn in lytse dynamyske organisaasje it ferskil te meitsjen yn it stal jaan en dwaan fan ús ûndersyk. Ut ús ynterdissiplinêre en ynternasjonaal-oriïntearre ûndersyksaginda nei de Fryske kasus, kinst as senior ûndersiker dyn eigen ûndersyk stal jaan en joust lieding oan likernôch fiif ûndersikers. As programmakoördinator bisto mei trije oare koördinatoaren mei oare ekspertizen ferantwurdlik foar de foarmjouwing en bewekking fan ús ûndersyksprogramma.
Profyl
Wy sykje in promovearre ûndersiker dy't histoaryske fraachstikken benaderet yn in ynterdissiplinêr perspektyf. Mooglike ynfalshoeken omfetsje kombinaasjes mei histoaryske geografy en lânskipsskiednis, argeology, filology of digitale metoaden. It ûndersyk is regionaal ferankere yn Fryslân en de Fryske lannen lâns de Nederlânske en Dútske kust, mar draacht by oan bredere teoretyske en maatskiplike fraachstikken en wurdt pleatst yn in ynternasjonaal ferlykjend ramt.
Do hast in dúdlike fyzje op ’e takomst fan histoarysk ûndersyk, bist by steat om dy oer te setten nei konkrete ûndersyksprogramma’s en nimst inisjatyf yn it opsetten fan (ynter)nasjonale gearwurkingen en ûndersyksprojekten.
Nijsgjirrich
Soe dit wat foar dy wêze kinne? Lês dan de folsleine fakatueretekst (pdf) yn it Frysk of Nederlânsk. Wachtsje net te lang mei it opstjoeren fan dyn brief mei cv: dy ûntfange wy graach foar 22 maaie.