Skip to main content Skip to page footer

Fryske Akademy. Foto: Marieke Balk

Fakatuere: Fryske Akademy en Campus Fryslân sykje promovendus Spraaktechnology

De Fryske Akademy en Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins sykje in promovendus foar it ûndersyk 'Speech technology and computational modeling of Frisian-Dutch Bilingual Speech: Switch, Loan & Change'. Dit is in ynnovatyf projekt dat code-switching en lienferskynsels yn Frysk-Nederlânske twatalige spraak ûndersiket, dêr't laboratoariumsosjolinguistyk by kombinearre wurdt mei in moderne spraaktechnologyske oanpak. Dit projekt draacht by oan sawol teoretysk begryp fan twatalige spraak as praktyske tapassings yn spraakwerkenning.

Hasto in Master yn linguistyk, komputasjonele linguistyk, of in lyksoartich ûndersyksfjild, en hast goede feardigens yn programmearjen (Python) en kennis fan fonetyk en spraakferwurking? Besjoch dan ús fakatuere yn it Frysk of Ingelsk! It giet om in folsleine oanstelling foar 4 jier, reagearje kin oant 17 maart 2025.