Skip to main content Skip to page footer

Eksterne kommisje oer Fryske Akademy: "Yndrukwekkend sterk."

Eksterne kommisje oer Fryske Akademy: "Yndrukwekkend sterk."

"De Fryske Akademy hat yndrukwekkend sterke kapasiteiten sjen litten op ferskate mêden, wêrûnder ûndersykskwaliteit, maatskiplike relevânsje en akademyske kultuer." Dit binne wurden út de konklúzje yn it evaluaasjerapport fan in ûnôfhinklike ynternasjonale kommisje, dy't yn opdracht fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en ûnder foarsitterskip fan prof. dr. P.C. Hengeveld fan de Universiteit fan Amsterdam, it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy, en dêrmei ek fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, yn de referinsjeperioade 2020-2023 beoardiele hat.

It rapport beklammet it sukses yn it fersterkjen fan regionale en ynternasjonale gearwurkingsferbannen, de multydissiplinêre oanpak fan de frisistyk en it feit dat de ynstelling ynspilet op maatskiplik ferlet troch útwreiding fan ûndersyksgebieten en digitale inisjativen. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder seit dan ek: "Wy binne tige bliid dat de kommisje de kwaliteit fan ús ûndersyk, mar ek fan ús ûndersyksmienskip, erkent. It rapport ûnderskriuwt it fierdere potinsjeel foar de takomst en moediget ús oan om troch te gean op de wei dy't wy ynslein binne. Hjir bin we grutsk op.”  

De fisitaasjekommisje jout yn har rapport noch as oandachtspunten mei dat der romte is foar ferbettering op bygelyks it mêd fan (ûndersyks)finansiering, diversiteit en de yntegraasje fan it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de aktiviteiten fan de ynstelling.


Oer de evaluaasje

De KNAW hâldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Fryske Akademy. Yn dat ramt wurdt ien kear yn 'e seis jier yn opdracht fan 'e KNAW in ûndersyksevaluaasje fan it ynstitút útfierd troch in eksterne, ûnôfhinklike fisitaasjekommisje. Dy jout dan in saakkundich oardiel oer de wittenskiplike prestaasjes fan 'e Fryske Akademy yn de ôfrûne jierren.

Yn de perioade maart-juny 2024 hat in ynternasjonale evaluaasjekommisje it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy beoardiele dat útfierd is yn de referinsjeperioade 2020-2023, mei refleksjes op de perioade sûnt 2018. Dizze besite soe plakfine yn 2021, mar wie opskood yn de tiid fanwegen de reorganisaasje dy't de Fryske Akademy trochmakke hat yn de perioade 2018-2020.

De beoardieling is útfierd oan de hân fan it Strategic Evaluation Protocol 2021-2027 (SEP) foar publike organisaasjes yn Nederlân. De beoardielingskommisje bestie út:
- Prof. dr. P.C. Hengeveld (Universiteit fan Amsterdam), foarsitter;
- Prof. dr. M. van Koppen (Universiteit Utrecht & Meertens Instituut);
- Dr. S. Boodts (Radboud Universiteit Nijmegen);
- Prof. dr. R. Naismith (University of Cambridge);
- Dr. M.T. Günther-van der Meij (NHL Stenden Hegeskoalle);
- M.T. de Vos MPhil (Radboud Universiteit & INT).

Dokumintaasje

As tarieding op de fisitaasje hie in wurkgroep fan de Fryske Akademy in wiidweidige selsevaluaasje skreaun oer de organisaasje en it wittenskiplik wurk. Dat selsevaluaasjerappport, mar ek it rapport fan de kommisje, en de reaksje fan de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy, kinne jo hjirûnder neilêze.