Delegaasje OCSE op wurkbesite by Fryske Akademy en Mercator
Meiwurkers fan de Hege Kommissaris foar Nasjonale Minderheden (HCNM) fan de OSCE - de organisaasje foar feiligens en gearwurking yn Europa, brochten woansdei in besite oan de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It doel fan de wurkbesite wie it dielen en opdwaan fan kennis en ûnderfiningen op it mêd fan meartaligens en regionale of minderheidstalen yn it ûnderwiis.
Nei in hertlik wolkom troch Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy) waarden presintaasjes holden troch Cor van der Meer en Ydwine Scarse (beide fan Mercator) en Babs Gezelle Meerburg (NHL Stenden Hegeskoalle). It die bliken dat de ynformaasje en foarbylden út Fryslân op it mêd fan taalbelied, ûnderwiis en meartaligens in fruchtbere boaiem wiene foar diskusje en útwikseling.
Mear ynformaasje
- Organisation for Security and Cooperation in Europe
- OSCE High Commissioner on National Minorities