Skip to main content Skip to page footer

International Conference on Minority Languages (ICML)

Call for Papers: XXI International Conference on Minority Languages

Sûnt de earste edysje yn 1980 is de International Conference on Minority Languages (ICML) ien fan de toanjaande ynternasjonale foarums foar ûndersikers dy’t har dwaande hâlde mei minderheidstalen op mêden as taalkunde, ûnderwiis, media en wetjouwing. It Mercator Europeesk Kennissintrum en de Fryske Akademy hawwe twa edysjes yn Ljouwert organisearre, yn 1989 en 2019.

Bozen/Bolzano/Bulsan, South Tyrol, Italy

Yn 2027 fynt de ICML foar it earst plak yn Súd-Tirol, Italië. De konferinsje wurdt organisearre troch trije ôfdielingen fan Eurac Research: it Center for Autonomy Experience, it Institute for Minority Rights en it Institute for Applied Linguistics. De konferinsje rjochtet him op wittenskippers, praktykminsken en beliedsmakkers, mei bysûnder omtinken foar meartaligens en ynterdissiplinêre dialooch.

Call for Papers

ICML 2027 ferwolkommet útstellen dy’t gean oer ien of mear fan de haadtema's fan de konferinsje: a.) Taalkundige fitaliteit en minderheidstalen, b.) Underwiis yn en foar minderheidstalen, c.) Media en minderheidstalen, d.) Taalbelied en wetjouwing yn de kontekst fan autonomy en minderheidsrjochten, e.) Minderheidstalen en sosjale/taalkundige (ûn)rjochtfeardigens, f.) Omstrieden talen, of g.) Minderheidstalen yn in tiid fan AI en nije technologyen. 

Jo kinne kieze út ien fan de fjouwer presintaasjefoarmen: yndividuele papers, yn it foar gearstalde panels, posters of dialoochgearkomsten oer praktykûnderfiningen. Hoewol’t Ingelsk de offisjele taal foar korrespondinsje is, befoarderet de konferinsje aktyf taalkundich ferskaat. Dielnimmers wurde oanmoedige om ûnder it evenemint oare talen te brûken en ûnder de oandacht te bringen. As jo fan doel binne om yn in oare taal as it Ingelsk te presintearjen, moatte jo jo abstrakt yn dy taal yntsjinje, tegearre mei in Ingelske oersetting. As jo abstrakt akseptearre wurde, wurde jo freonlik frege om derfoar te soargjen dat jo presintaasjemateriaal yn it Ingelsk opsteld is.

Tiidspaad

It betide tiidskema foar de bekendmakking is bedoeld om dielnimmers genôch tiid te jaan om akkommodaasje en reizen tsjin foardielgere tariven te regeljen. 

- Uterste ynstjoerdatum: 7 septimber 2026 (23:59 CEST) 
- Bekendmakking fan de talitting: begjin novimber 2026 
- Data fan de konferinsje: 22–26 juny 2027

Mear ynformaasje

- International Conference on Minority Languages Website
- ICML Call for Paper (pdf)