Skip to main content Skip to page footer

Eveneminten

Wike fan de Utwikseling, Fryske Akademy, Ljouwert (besletten)

Fan Redbad en de iere midsiuwen oant de tapassing fan keunstmjittige yntelliginsje yn Fryske spraaktechnology: ús Fryske Akademy is in ynspirearjend útwikselingsplak foar wittenskiplike kennis. En foar de Wike fan de Utwikseling sette wy op 10 juny graach wer de doarren iepen.

Oer de Wike fan de Utwikseling

Fan 8 oant en mei 12 juny 2026 is it de Wike fan de Utwikseling, in ynisjatyf fan Samenwerking Rijk Noord, Noorderlink en Werken in Friesland. Yn dizze wike sette organisaasjes yn Noard-Nederlân, fan oerheid oant bedriuwslibben, harren doarren foar inoar iepen. Meiwurkers stappe ien dei út harren fertroude wurkomjouwing en sjogge by in oare organisaasje. 

Oft je no wurkje as manager, administratyf meiwurker, timmerman, HR-spesjalist of ICT'er: elkenien kin meidwaan. It draait om moetsjen, learen en ynspirearre reitsjen. Stap út dyn deistige rûtine en lit dy ferrasse troch oare organisaasjes by de Wike fan de Utwikseling! 

Meidwaan

In dei meirinne by in oare organisaasje kin in eyeopener wêze. Do ûntdekst hoe't oaren wurkje, dêr't se mei dwaande binne en watsto dêr fan meinimme kinst yn dyn eigen wurk. Miskien sjochst kânsen dyst earder net seachst. Troch kennis te dielen en nije minsken te moetsjen, ûntsteane ideeën dy't je net achter je buro betinke. Ynspiraasje garandearre! 

Meidwaan? Mei in kar út goed 70 útwikselingsprogramma’s is der foar elk wat wils. Fan in dei meirinne ta in ynhâldlik programma: do kiest wat by dy past. Let op: it tal plakken is beheind, dus wês der op'e tiid by. Nim by fragen kontakt op mei dyn eigen HR-ôfdieling.

Mear ynformaasje stiet op de website fan de Wike fan de Utwikseling.

------

* Let op: op dit momint is ús programma al folboekt. Hâld de website fan de organisaasje yn de gaten foar mooglik frije plakken.