Eveneminten
Mercator/Read with MEE, Europadag, Campus Fryslân, Ljouwert
Europadag
Benijd hoe't Europa sichtber is yn Ljouwert en Fryslân? Kom dan op 8 maaie nei Campus Fryslân en meitjse dizze Europadei mei! Tusken 12:00 en 16:00 oere feroaret de Campus yn in brûzende Europadagmerk, fol ferrassende aktiviteiten, ynspirearjende projekten en aardige moetings.
Mercator
Op de Europadag is fansels ek it team fan ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen oanwêzich. De fokus fan Mercator leit al sûnt 1987 op de regionale en minderheidstalen yn Europa, mar ymmigrantentalen en talen út lytse lannen binnen ek ûnderwerp fan ûndersyk.
As ûndersyksynstituut makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartaligens. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en oare nijsgjirrige ûntjouwings út oare minderheidstalenregio's tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân. Mei oare wurden, it Mercator Europeesk Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!
Redbad
Ien fan de projekten dy't sûnder Europeeks jild mar dreech fan de grûn komme soe, it is ynternasjonale projekt Redbad. Dat projekt wurdt útfierd binnen it Europeeske Interreg VI-programma Deutschland-Nederland en mei finansierd troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei. De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel: op sneon 5 septimber is de iepening.
Han Nijdam sil op de Europamerk in lêzing fersoargje oer de âld-Fryske kening. It tiidstip wurdt sa gau as mooglik bekend makke troch de organisaasje.
Programma Europadag
Elkenien is fan herte wolkom yn de Campus Fryslân, tusken 12:00 en 16:00 oere. It programma komt ynkoarten hjir online.
De tagong is fergees en it is foar alle leeftiden.